Milan Smit tekenet earste profkontrakt by Cambuur

Milan Smit tekenet foar twa jier by Cambuur © Orange Pictures
SC Cambuur hat oanfaller Milan Smit fêstlein foar de kommende twa jier. Smit spile al foar de Ljouwerter klup, mar hie noch gjin profkontrakt.
De 19-jierrige Smit begûn it seizoen as fjirde spits by Cambuur, mar nei't Sam Hendriks ferhierd waard oan De Graafschap en Tom Boere blessearre rekke, wie Smit samar de earste ferfanger fan Roberts Uldrikis.
Yn fjouwer ynfalbeurten spile Smit yn totaal sechstich minuten foar Cambuur. Op 6 maaie, yn de thúswedstriid tsjin RKC, kopte er yn blessueretiid de 1-1 binnen.
Smit siet by FC Twente yn de jeugdoplieding en letter ek by Hearrenfean. Yn 2020 makke er de oerstap nei de oplieding fan Cambuur.

Sels ôftwongen

Technysk manager Foeke Booy sjocht it wol sitten yn Smit en jout him dêrom no syn earste profkontrakt. Smit tekenet foar twa jier mei de opsje foar noch in jier.
"Milan heeft dit helemaal zelf afgedwongen met zijn prestaties", seit Booy. "Hij beschikt over veel voorwaarden en ook de wil om te slagen als profvoetballer en op termijn een basisplek af te dwingen. Daar gaan we samen stap voor stap naar toewerken."