A32 ticht tusken Idaerd en Akkrum fanwege spoedreparaasje

De A32 op argyfbyld © ANP
De A32 is tiisdeitejûn fan 19.00 oant 06.00 oere ticht fanwegen in spoedreparaasje. It giet om it stik tusken de ôfslach nei Snits (by Idaerd) en de ôfslach nei Akkrum, yn 'e rjochting fan It Hearrenfean.
Rykswettersteat jout oan dat der tekstkarren by de sneldyk steane dy't wize op de omliedingsrûte.

Megaput

Rykswettersteat docht tusken 9 maaie en 26 augustus grut ûnderhâld oan de A32 tusken It Hearrenfean en Grou. De fundearring is net stabyl, dêrom moat de dyk op 'e nij oanlein wurde.
Yn de rjochting fan It Hearrenfean is der sa'n seis wiken lang mar ien rydstripe iepen, oant 22 juny. Benammen yn de spits is der kâns op files. De oare kant op binne wol beide rydstripen iepen. De tarit en ôfrit nei Akkrum is op 13 juny en 1 july ticht. Dêrnjonken is it fersoargingsplak by Akkrum op 7 juny ticht.