Provinsje Fryslân wol miljoenen besunigje, ûnder oare op diken en taal

Friso Douwstra op it wyklikse parsepetear fan Deputearre Steaten © Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân wol de kommende jierren struktureel 7,2 miljoen euro besunigje. Neffens deputearre Friso Douwstra is dat nedich om foar te kommen dat de provinsje yn de reade sifers bedarret.
Besunigje betsjut ek pynlike besluten nimme, lykas 1,6 miljoenen besunigje op it budzjet foar taal en kultuer mei yngong fan 2025. De provinsje wol ek de provinsjale diken en farwegen soberder ûnderhâlde.
Deputearre Douwstra fan finânsjes sprekt fan in 'sobere en doelmjittige' begrutting. "Dêr hearre ek pynlike besluten by. Besunigje op taal en kultuer dogge je leaver net, mar as it jild op is, kin it net oars."
De finansjele problemen wurde feroarsake troch corona, ûntjouwings op stikstofmêd en de gefolgen fan de oarloch yn Oekraïne, seit it provinsjebestjoer.

Gjin jild nei fjirde trein tusken Ljouwert en Zwolle

De provinsje wurdt neffens him troch de finansjele realiteit fan de lytsere begrutting twongen om kritysk nei it eigen takepakket te sjen. De provinsje wol ek mei yngong fan 2024 ophâlde mei it finansieren fan de fjirde trein dy't elk oere fan Ljouwert nei Zwolle rydt.
"Wy wolle in betroubere oerheid wêze. Wy sille ús dêrom oan alle rinnende ôfspraken hâlde", fertelt Douwstra. "Mar as sa'n ôfspraak foarby is, kin dat betsjutte dat in subsydzje minder wurdt, of fuortfalt, seker as it om in aktiviteit giet dy't gjin provinsjale taak is."
Provinsjale Steaten sille ein juny te set oer de 'sobere en doelmjittige' begrutting fan Friso Douwstra.