In wike yn it libben fan Dariia: studearje, fitness en iten útdiele

© Omrop Fryslân
De wrâld fan de Oekraynske Dariia (18) stiet op syn kop. De studinte út Kiev moast flechtsje. Nei Beetstersweach wennet se no op 'e Gordyk. Foar Omrop Fryslân docht se ferslach fan har libben. Dit is diel 10: in wike yn it libben fan Dariia no.
"Ik wenje no twa wiken yn in permanint hûs foar Oekraïners. Ik ha myn keamer mei wat flaggen en ljochtsjes fersierd, sadat it foar my mear fielt as myn hûs yn Oekraïne.

Ik bin hiel bliid dat myn âlden dizze kar makke ha. Dit hûs stiet op De Gordyk, dêr't ferskate winkels binne, sadat it makliker is om hjir te winkeljen.
Dariia yn de bosk © Omrop Fryslan
Ik hâld ek fan fytsen troch it doarp en foaral by de sinneûndergong. Mar ik mis it bosk wol yn Beetstersweach. Ik fûn it noflik om dêr te rinnen, te fytsen en somtiden dêr te picknicken.
Yn dit deiboek wol ik mear fertelle oer wat ik doch yn in wike.

Stúdzje

Meastentiids binne myn online lessen fan myn universiteit moarns en bin ik dêrneist dwaande mei it meitsjen fan húswurk, presintaasjes en ferslaggen oer ferskate ûnderwerpen.

Oer twa wike ha ik eksamens, dus moat ik hurd wurkje om hjir genôch punten foar te ha.

Fitness

As ik net hoech te studearjen gean ik mei myn mem en Marie-Janne Mintjes (de mem fan ús foarige gastgesin) te sporten. Ik fyn it hiel moai om tiid mei mekoar troch te bringen, ek al wenje wy net mear tegearre.

We dogge fitnesstrainingen yn groepen en binne altyd mei mekoar oan it laitsjen. Ek mei de oare froulju fan de groep.
Guon lûden binne dreech foar ús, sa as it lûd 'ui' of 'g'.
Dariia
Ik ha ek twa kear yn de wike Nederlânske les dy't spesjaal opset it foar Oekraynske flechtlingen.

Wy krije les fan ien fan de direkteuren fan de skoallen. Ik fyn it hiel ynteressant om mear te learen oer hoe't Nederlânske wurden útsprutsen wurde. Sommige lûden binne dreech foar ús, sa as it lûd 'ui' of 'g'.
Somtiden tink ik dat it folle dreger is om ús les te jaan as de lytse bern. As guon Oekraïners gjin Ingelsk ferstean kinne, kin it dreech wêze foar harren om alle ynformaasje te begripen. Dêrom binne der guon dy't alles foar harren oersette ûnder de les.

Utdielen fan iten

Ek help ik alle tongersdeis as frijwilliger by it útdielen fan doazen mei iten oan Oekraïners dy't yn Opsterlân ferbliuwe. Dat doch ik mei in oare frijwilliger, Eelke.
It duorret de hiele dei om al it iten fuort te bringen. Ik besykje safolle mooglik te helpen sadat we alles rapper bringe kinne. It is foar my hiel wichtich frijwilligers te helpen.
Minsken binne altyd sa bliid om ús te sjen.
Dariia
Minsken binne altyd sa bliid om ús te sjen. Doe't ik dêrmei begûn fûnen minsken it moai dat sy gewoan Oekraynsk prate koenen.
Dêrom bart it no faak dat elke kear as ik dy minsken sjoch, wy prate oer allegear saken mei mekoar. Sa fiele wy ús wer wat mear thús."