Bewenners azc Drachten yn protest: trettjin kear ferhûze, mar gjin dúdlikheid

Protest by it azc yn Drachten tsjin de Immigratie- en Naturalisatiedienst © Omrop Fryslân
Goed tweintich bewenners fan it asylsikerssintrum yn Drachten ha tiisdei in protestaksje holden by in kantoar fan de Immigratie- en Naturalisatiedienst (IND). Se fine dat harren proseduere te lang duorret.
Guon fan de flechtlingen sitte al seis jier yn Nederlân. Ien fan harren is Zahraa Alamari. Se hat yn dy tiid de Nederlânske taal goed ûnder de knibbel krigen. "We willen meer aandacht van de IND. De mensen die hier in Drachten wonen, staan al heel lang op de wachtlijst."
Se wolle dat har proseduere foar in permanint ferbliuw opsjit. "We hebben geen BSN-nummer, geen huis, terwijl we al heel lang in Nederland wonen. Mensen zijn verwesterd, maar hebben nog steeds geen duidelijkheid over hun status. Het duurt zo lang voordat we een duidelijk antwoord krijgen."
Fan oare flechtlingen, dy't op oare plakken sitte, hearre se ferhalen dat it dêr hiel oars giet. "Sommige mensen hier zijn hier samen met anderen gevlucht naar Nederland. Degenen die nu in een azc in het zuiden wonen, hebben nu al een status. Die procedure is heel snel verlopen. Hier in het noorden wachten we nog steeds."
Goed tweintich azc-bewenners wienen by it protest:
Bewenners azc yn protest tsjin ûndúdlikheid IND
De flechtlingen kinne by it IND faak gjin papieren toane. Logysk, leit Alamari út. "Als je in een oorlog zit en je vlucht, dan neem je toch je papieren niet mee? Je zoekt veiligheid en neemt je familie mee. Alles hebben we achtergelaten."
Je moet doen wat het IND je opdraagt.
Zahraa Alamari
It frustrearret. "We komen naar Nederland en de IND vraagt ons om papieren. Hoe kunnen we daaraan komen, als we alles hebben achtergelaten? Heel irritant. We weten niet of we weg moeten of hier blijven. Soms weet je niet waar je heen gaat. Je moet doen wat de IND je opdraagt."
Zahraa Alamari wennet al seis jier yn Nederlân © Omrop Fryslân
Alamari komt sels út Irak. "Via Turkije ben ik naar Griekenland gevlucht, met meer dan zestig mensen op een kleine boot. Toen door andere landen gestroomd. Lopen, trein, auto, bus."

Ferwestere

Uteinlik is se yn Nederlân bedarre, sa'n seis jier lyn. "In die periode ben ik dertien keer verhuisd. Nu woon ik anderhalf jaar in Drachten. Ik heb hier de taal geleerd, dit is nu mijn land. Ik heb deze cultuur leren kennen, ik ben heel erg verwesterd."
It protest hat tiisdei net fuortendaliks ta resultaat laat. "Eén hand klapt niet, maar met heel veel mensen samen kunnen we wel klappen. Als je demonstreert, praat de politiek er misschien wel over. Eerst misschien een klein beetje, maar dat kan ons wel helpen."