Deputearre oer skrassen Doarpswurk: "Leefberens gjin kearntaak fan provinsje"

Doarpswurk earste slachtoffer fan besunigingen provinsje
Leefberens is gjin kearntaak fan de provinsje, wylst dy snije moat yn de kosten. Dat is de reden dat de provinsje stadichoan de subsydzje foar Stichting Doarpswurk skrast, seit deputearre Klaas Fokkinga.
Deputearre Fokkinga wynt der gjin doekjes om: "Der is in opdracht jûn út it bestjoersakkoart wei dat wy struktureel fiif miljoen oerhâlde moatte foar de folgjende koälysje. Dy sit der fansels oan te kommen. Dêrneist is der in struktureel tekoart fan sa'n sân miljoen euro it jier."

Begrutting midstwa

Koartsein: de provinsje moat karren meitsje om de finânsjes op oarder te krijen. En dat falt no yn it neidiel fan Stichting Doarpswurk. "Der hat in tiid west dat de begrutting hiel grut wie, mar dy moatte wy foar de folgjende perioade midstwa dwaan. Dan moatte je sjen wat je oars dogge."
Wat binne ús kearntaken? Dan komme wy dochs ta de konklúzje dat Doarpswurk net echt yn de basis fan de provinsje leit.
Deputearre Klaas Fokkinga
"It giet der hielendal net om dat Doarpswurk gjin goed wurk leveret", seit Fokkinga. "Absolút net. Mar de fraach is mear: wat binne ús kearntaken? Dan komme wy dochs ta de konklúzje dat Doarpswurk net echt yn de basis fan de provinsje leit."

'Taak fan gemeenten'

Neffens de deputearre is leefberens foar it grutste part 'autonoom belied' fan de provinsje Fryslân is. "Eins heart dy taak by de gemeenten, dy foarmje de wichtichste oerheid as it om leefberens giet. It stypjen fan Doarpswurk falt dan ek net direkt ûnder de provinsjale kearntaak."
Deputearre Klaas Fokkinga
Wol wiist Fokkinga der op dat der al skoften plannen binne om foar de doelstellingen fan Doarpswurk in nij netwurk op te setten. "Yn septimber 2018 hawwe de Steaten al yn in beliedsbrief sein om de subsydzjerelaasje mei Doarpswurk ôf te bouwen. En mei de gemeenten en oare belutsen ynstânsjes lykas Streekwurk in nij netwurk fan stipe foarm te jaan. Dêr binne wy no mei oan de gong."

Transysje

De stipe oan Doarpswurk wurdt dus stadichoan ôfboud. "De Steaten hawwe wol dúdlik sein dat je net it bern mei it waskwetter fuortspiele moatte, dêrom hawwe wy ek sein dat wy stadichoan yn transysje nei it netwurk geane. Dêr lûke wy sa'n 3,5 jier foar út."
Deputearre Klaas Fokkinga by de Doarpsbrûsdei fan Doarpswurk yn maart © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Foarsitter Doeke Anne Fokkema fan Doarpswurk hat oanjûn bot yn ûnwissens te sitten oer dit nije netwurk. Doarpswurk hat ideeën yntsjinne, mar dêr hat de provinsje neffens Fokkema noch net op reagearre. It fernuvere de foarsitter: se smite gjin âlde skuon fuort, foar't je nijen hawwe, sa joech hy oan.