Boekekast presintearret Utsteld Gelok #2: 'Wjukken', in ferhaal fan Berber Bouma

Berber Bouma © Omrop Fryslân
Yn de literêre podcast Boekekast hjoed it ferhaal 'Wjukken' fan Berber Bouma. It is de twadde ôflevering fan dit seizoen. Boekekast publisearret acht ferhalen fan it projekt 'Utsteld Gelok', mei dêrby in ynterview mei de skriuwer.
Beharkje hjir de twadde útstjoering fan Boekekast
Dit ferhaal is op moandeitejûn 16 maaie foarlêzen troch Tet Rozendal yn teetún Tamarisk yn Nyegea. Yn 'Wjukken' beskriuwt Berber Bouma hoe't in frou nei it ferlies fan har man har leafde projektearret op har parkyt. Se docht der alles oan om it fûgeltsje wól by har te hâlden.
Utsteld Gelok yn Nyegea © Aron Weidenaar fotografie
Fan 7 maaie oant en mei 14 augustus wurde 100 ferhalen foarlêzen op paradyslike plakken yn Fryslân. It projekt is betocht en organisearre troch Leeuwarden UNESCO City of Literature.
De reade tried yn alle ferhalen is it sykjen nei skjintme, nei it paradys, ûnder en nei de pandemy. De sân oare ferhalen dy't yn de podcast Boekekast publisearre wurde sille, binne fan Bart Kingma, Nicole van den Berg, Sietse de Vries, Welmoed Wijma, Nyk de Vries, Koos Tiemersma en Anita Terpstra.
Boekekast is in literêre podcast fan Omrop Fryslân en Boeken fan Fryslân, om skriuwers in poadium te bieden en literatuer tagonkliker te meitsjen.