Omrop Fryslân organisearret in grut HEA!-feest foar it 20-jierrich jubileum

It feest dat Omrop Fryslân organisearret nei oanlieding fan it jubileum fan it programma HEA! wurdt ferpleatst nei septimber. It slagget spitigernôch yn juny net, omdat guon tariedingen wat mear tiid freegje as tocht.
Omrop Fryslân organisearret grut HEA!-feest ta eare fan 20-jierrich jubileum
It telefyzjeprogramma HEA! bestiet dit jier 20 jier en sil dat dizze simmer grut fiere mei in spesjale HEA!-dei. Op sneon 18 juny set Omrop Fryslân de doarren fan it terrein iepen om dêr, mei eltsenien dy't der by wêze wol, it jubileum te fieren.
Sintraal steane de minsken en de ûnderwerpen dy't de ôfrûne 20 jier yn HEA! te sjen west ha. Sa kinst dy dei in 'meet-and-greet' ha mei bygelyks De Paus fan Ljouwert, dragqueen Curvalicious Diamond of de bruorren Douwes. Mar der binne ek kreamkes mei bysûndere samlingen út Hea!, lykas âld ûnderguod, lúsjefertsjerken of bertekaartsjes.

Ben en Ruurd

Der binne demonstraasjes fan moaie ambachten en der is muzyk: foar dizze gelegenheid steane Ben en Ruurd noch ien kear tegearre op it poadium. Mar ek de doedelsekken fan de Cape Breton Highlanders binne te hearren en Jodelfrou Neeltje Nicolai jout in optreden.
Oftewol: alles datst gewoanwei yn HEA! foarbykommen sjochst is op sneon 18 juny live te sjen op de HEA!-dei by Omrop Fryslân.

Fiel dy wolkom

HEA! giet oer gewoane Fryske minsken mei in bysûnder ferhaal en dêrom wolle we dizze dei ek mei harren fiere. En mei it publyk dat al dy jierren trou nei HEA! sjocht.
De HEA!-dei is op sneon 18 juny tusken 13.00 en 17.00 oere, fergees en foar elk tagonklik. It feest fynt plak op it terrein fan Omrop Fryslân, Suderkrúswei 2 yn Ljouwert.
Alle updates oer de HEA!-dei binne te finen yn it Facebook-evenemint. Dêr kinst ek oanjaan datst komst.

20 jier HEA!

De HEA!-dei is de ôfsluter fan it 20 jier HEA!-seizoen, dêr't Omrop Fryslân yn jannewaris mei begûn is troch alle tongersdeis in weromblik-útstjoering te meitsjen.