Omrop Fryslân organisearret grut Hea!-feest ta eare fan 20-jierrich jubileum

HEA! bestiet 20 jier yn 2022 © Omrop Fryslan
It telefyzjeprogramma Hea! bestiet dit jier 20 jier en sil dat dizze simmer grut fiere mei in spesjale Hea!-dei. Op sneon 18 juny set Omrop Fryslân de doarren fan it terrein iepen om dêr, mei elkenien dy't der by wêze wol, it jubileum te fieren.
Sintraal steane de minsken en de ûnderwerpen dy't de ôfrûne 20 jier yn Hea! te sjen west ha. Sa kinst dy dei in 'meet-and-greet' ha mei bygelyks De Paus fan Ljouwert, dragqueen Curvalicious Diamond of de bruorren Douwes. Mar der binne ek kreamkes mei bysûndere sammelingen út Hea!, lykas âld ûnderguod, lúsjefertsjerken of bertekaartsjes.
Der binne demonstraasjes fan moaie ambachten en der is muzyk: foar dizze gelegenheid steane Ben en Ruurd noch ien kear tegearre op it poadium. Mar ek de doedelsekken fan de Cape Breton Highlanders binne te hearren en Jodelfrou Neeltje Nicolai jout in optreden.
Oftewol: alles datst gewoanwei yn Hea! foarbykommen sjochst is op sneon 18 juny live te sjen op de Hea!-dei by Omrop Fryslân.

Fiel dy wolkom!

Hea! giet oer gewoane Fryske minsken mei in bysûnder ferhaal en dêrom wolle we dizze dei ek mei harren fiere. En mei it publyk dat al dy jierren trou nei Hea! sjocht. De Hea!-dei is op sneon 18 juny tusken 13.00 en 17.00 oere, fergees en foar elk tagonklik. It feest fynt plak op it terrein fan Omrop Fryslân, Suderkrúswei 2 yn Ljouwert.

20 jier Hea!

De Hea!-dei is de ôfsluter fan it 20 jier Hea!-seizoen, dêr't Omrop Fryslân yn jannewaris mei begûn is troch alle tongersdeis in weromblik-útstjoering te meitsjen.
Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Publyk: publyk@omropfryslan.nl of (058) 229 78 76.
It folsleine parseberjocht is hjir te downloaden.