Doarpswurk skrikt no't provinsje subsydzje ôfbouwe wol: “Onverkwikkelijk”

Direkteur Theo Andreae fan Doarpswurk © Omrop Fryslân
De takomst fan Stichting Doarpswurk stiet faai. Deputearre Steaten, da't no alle jierren 832.000 euro beskikber stelt, wol mei yngong fan 2025 de subsydzje alle jierren ôfbouwe.
Foarsitter fan Doarpswurk, Doeke Anne Fokkema fynt it "onverkwikkelijk" dat de provinsje dit fan doel is. "It past net yn it byld dat wy hawwe fan it belang fan ús wurk."
Doarpswurk krige moandei oan de ein fan de middei in telefoantsje fan deputearre Klaas Fokkinga, dy't fertelde dat dit de bedoeling is. "Sa geane je net mei minsken om. En sa geane je net mei it Fryske plattelân om", sa is de foarsitter fan betinken.
Fokkema kin der net by. "Der is oanjûn dat der besunige wurde moat en dat de provinsje net fierder yn leefberens ynvestearje wol. Dat is nuveraardich, want dat stiet wol yn it koälysje-akkoart." Sûnder in nij systeem it jild al weromlûke, dat fynt Fokkema in ûnlogyske wurkwize.

Gjin reaksje

De provinsje wol neffens Doeke Fokkema in oare struktuer. Doarpswurk hat dêr ek ideeën foar oanlevere, fertelt de foarsitter. Mar dêr hawwe se noait in reaksje op hân. Neffens Fokkema hat de provinsje ek noch net in oare struktuer foar eagen of binne se der yn alle gefallen noch net út hoe't dy der út sjen moat.
Foarsitter Doeke Anne Fokkema fan Doarpswurk
"De provinsje wol al in oantal jierren sjen nei in nije netwurkstruktuer om de doarpen te stypjen. Wy hawwe in tal foarstellen yntsjinne, mar dêr is noch hieltyd net in beslissing oer naam", seit Fokkema.
Deputearre Klaas Fokkinga by de Doarpsbrûsdei fan Doarpswurk yn maart © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Neffens Fokkema is Doarpswurk fan grut belang foar de mienskippen op it plattelân, bygelyks foar de stipe oan doarpshuzen. Ek by de ferduorsuming fan doarpen is Doarpswurk in oansprekpunt foar de koöperaasjes dy't dêrmei dwaande binne. In skeakel tusken de doarpen en de polityk.

Skeakel tusken mienskip en bestjoer

As dêr gjin alternativen foar komme, dan sille doarpen en organisaasjes tenei sels streekrjocht mei de provinsje oerlizze moatte, tinkt Fokkema. Bygelyks by ferduorsumingsplannen. "Dat is net effisjint en doarpen kinne dan ek net mear fan inoar leare."
Je smite gjin âlde skuon fuort, foar't je nijen hawwe. It is sneu foar Doarpswurk, mar noch wichtiger: de doarpen komme yn de kjeld te stean.
Foarsitter Doeke Anne Fokkema fan Doarpswurk
Doarpswurk leit him der net samar by del. "Wy sille ús rjochtsje op Provinsjale Steaten om dit op te kearen."
Tink hjir nochris oer nei, is de oprop fan Fokkema. "Wy hawwe fan Provinsjale Steaten ek wol sinjalen dat men dit net passend fynt. Je smite gjin âlde skuon fuort, foar't je nijen hawwe. It is sneu foar Doarpswurk, mar noch wichtiger: de doarpen komme yn de kjeld te stean. Wa stipet de doarpen dan?"

70 persint fan de ynkomsten fan de provinsje

Doarpswurk hellet in lytse 70 persint fan de ynkomsten út de strukturele subsydzje fan de provinsje, sa docht bliken út de meast resinte online jierrekken fan 2020. It gie dat jier om 832.000 euro.
Dêrnjonken krige Doarpswurk noch 119.000 euro subsydzje foar losse projekten en noch 16.500 euro subsydzje by de gemeenten wei helle. Fierder krige de stichting 225.000 euro út projektopbringsten en hie it noch 10.700 euro oan oare ynkomsten.

Hûnderten doarpsbelangen en -huzen

Doarpswurk bestiet al hast 40 jier en is in stichting, wêrby't de efterban ynfloed hat op de besluten. Der binne sa'n 270 doarpsbelangen en pleatslike belangen by oansletten, en sa'n 220 doarps- of buerthuzen.
In kaart mei de oansletten wiken en doarpen © Doarpswurk
Op dit stuit binne der seis bestjoersleden en bestiet it team út sa'n fyftjin man. De deistige lieding leit yn hannen fan direkteur Theo Andreae en de stichting is fêstige yn Raerd.

Foar de leefberens fan de mienskip

Doarpswurk wol de leefberens fan de lokale mienskip fersterkje. It set him yn om doarpsbelangen, doarpshuzen, inisjativen en leefberensprojekten yn goede banen te lieden. It wol doarpen ferienje ta krêftige mienskippen.
De stichting hat dus in stypjende funksje, de ferantwurdlikens bliuwt altyd by de doarpen sels.

Grut ferskaat oan projekten

Doarpswurk helpt bygelyks om doarpsfisys op te stellen, foar de leefberens en de ûntwikkeling fan in doarp. Yn de ôfrûne twa jierren hat it ek in wichtige rol spile yn de coronakrisis, om bestjoeren fan doarpshuzen te helpen as sy yn 'e knipe kamen mei de eksploitaasje.
Doarpswurk by 't Polderhuus yn Munnikebuorren © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Sa ynformearre Doarpswurk bestjoeren as der bygelyks mooglikheden foar finansjele stipe fan it Ryk mooglik wie.
Der wurde allerhanne projekten opset. Bygelyks 'Het Beraad van Raerd', wêrby't alle jierren praat wurdt oer in tema: dit jier is der bygelyks in festival oer de wenningkrapte. Ek is it aktyf yn de Friese Energie Alliantie, dat him ynset foar duorsumens en it beheljen fan de klimaatdoelen yn de provinsje.
Doarpswurk organisearret webinars oer it opsetten fan in buertsupermerk en it hat in kampanje opset om sportferieningen te advisearjen. Soksoarte inisjativen komme faai te stean as de provinsje de stekker út Doarpswurk lûkt.