Koaien moatte nêsten seldsume strânbrieder op Waadeilannen beskermje

Op Skylge stopt Staatsbosbeheer nêsten yn koaien
Mei in opfallende koai dêr't de bûnte wilster yn en út kin, wurde fan no ôf guon nêsten fan de seldsume strânbrieder beskerme troch Steatsboskbehear op de Waadeilannen.
Der binne yn trochsneed mar 360 briedpearen fan de bûnte wilster yn Nederlân. Se kieze ek nochal ris foar plakken dêr't minsken graach komme: op it strân. Nêstkoaien moatte beskermin biede. Se binne in Australyske útfining dy't foar it earst yn Nederlân brûkt is yn Seelân.
Ferline jier is dêrmei op Skylge eksperimintearre. Fan 't maitiid is besletten dizze metoade definityf yn te setten yn kombinaasje mei warskôgingsbuorden.
De nêsten falle net op. Se binne sa goed kamûflearre dat minsken hiel maklik te tichtby komme en de boel fersteure. En dat is net wat dizze soart dy't op de list fan bedrige of kwetsbere briedfûgels stiet, der ek noch by brûke kin.

"Nestje opgeven"

Want der is nochal wat dat misgean kin, sa jout frijwilliger Jan Ellens fan Steatsboskbehear oan: "Dat kan zijn verstoring door mensen of honden. Maar dat kunnen ook predatoren zijn zoals meeuwen of kraaien. Het weer kan ook meespelen. Als het een tijd stormweer is geweest of harde wind, kan een bontbekplevier een nestje opgeven."
Net elts briedgefal kriget in koai. Guon bûnte wilste briede yn gebieten dêr't gjin minsken komme op plakken dêr't je net allinnich de briedende bûnte wilster fersteure, mar ek in hiel soad oare briedende fûgels. Ald-boskwachter Ellens is goed yn it finen fan de nêsten. Hy wurket as frijwilliger mei oan it pleatsen fan de nêstkoaien.

"Mooi moment"

Ellens komt allinnich mar mei in koai nei it nêst as de fûgel al in skoft op meardere aaien sit. Dan is de kâns it grutst dat de fûgel nei it pleatsen fan de koai weromkomt. Mar it bliuwt spannend. Hy en boskwachter Feline Zwaan sjogge hoe't de briedfûgel nei it pleatsen fan de koai earst wat omskarrelet foardat er wer op it nêst sitten giet.
Ellens en Zwaan jouwe inoar in 'high five'. "Het is een hartstikke mooi moment. Je bedenkt wat. En als het klopt en allemaal goed gaat, is dat heel leuk."