Brêge Wâldsein kin net mear iepen nei steuring

Frustraasjes om brêge by Wâldsein dy't net mear iepen kin
Al sûnt 8 maaie is it mis mei de brêge yn Wâldsein. Doe wie der in steuring wêrby't de brêge in oere lang iepen stie. Mei in hurde knal is de brêge doe tichtklapt, mar sûnt dy tiid kin er net mear iepen.
"De brug viel met een enorme klap uit zijn rem", fertelt brêgewipper Ferry Loolofs. "De ramen van mijn hokje begonnen helemaal te trillen. Het hele dorp kwam ook kijken wat er aan de hand was. Als er op dat moment een boot onder had gevaren, was die helemaal plat geweest zeg maar."

Sleepboatdagen

De brêge is ticht wêrtroch't ferkear der wol oerhinne kin. Boatsjes kinne der allinnich net ûndertroch. Gewoanwei binne dat der hûnderten op in dei. In spesjale ynspekteur hat de brêge yntusken ûndersocht. "Waarschijnlijk is er een tandwiel stuk en liggen er wat lagers uit", leit Loolofs út.
De brêge yn Wâldsein © Noordernieuws
De brêgewipper hopet dat it probleem rap oplost wurde kin. "Dit weekend hebben we de sleepbootdagen. Daar komt veel publiek op af, dus hopelijk is het voor vrijdag allemaal opgelost en zodat we weer mogen draaien. Dat is voor ons ook beter, want nu zitten we hier maar wat."

Fisitekaartsje

By kafee-restaurant Watersport njonken de brêge sjogge se it effekt fan de stikkene brêge. "We misse in stik gesellichheid, der farre gjin boatsjes mear del", seit Michaela van der Molen. "It soe in ramp wêze as de brêge mei de sleepboatdagen noch hieltyd ticht is. Oars kinne dy boaten miskien wol net komme, dat soe hiel spitich wêze."

Van der Molen wit net oft min ûnderhâld de oarsaak is fan it probleem mei de brêge. Mar, sa seit se, it kin in stik better: "Sjochst it wol, de brêge is mear grien as wyt en blau. We ha al hiel faak frege oft de brêge net skjinmakke wurde kin, want op dizze wize is it wol in treasteleas plaatsje. En dat foar it fisitekaartsje fan it doarp."