Koperdieven slaan trije kear yn ien wike ta by HSC Lions yn Ljouwert

Brânwacht oanwêzich nei gaslucht troch stellen koperliedingen © Anton Kappers
Foar de tredde kear yn in wike tiid hawwe dieven koper stellen by sportklup HSC Lions yn Ljouwert. Earder binne der stikken wetterlieding ferdwûn. It ôfrûne wykein binne der gasliedingen stellen. Dat hie as gefolch dat in hok fol gas stie.
De brânwacht, de plysje en enerzjybedriuw Liander hawwe moandei de saak feilich steld. Ek oare sportklups oan it Kealledykje waarden de dupe fan dieven. De sportterreinen binne maklik tagonklik. Dêrom wolle de klups mei ferhierder BV Sport om tafel om dat te feroarjen, bygelyks mei hegere stekken.
Lions-bestjoerslid Ian Roersma baalt fan de dieverij. "Ja, als een stekker. We hebben een mooie club vrijwilligers. Maar die hebben we om de club netjes te houden en het voorbereidende werk te doen voor het eerste, tweede, derde en vierde elftal, zodat die zaterdag kunnen voetballen. En niet om al deze troep op te lossen."
Der is ek ynbrutsen yn de kantine. Dêr binne kaaien en snobbersguod stellen.
Ferslachjouwer Ronnie Porte gie nei HSC Lions