Dakleaze Grinzer oernachtet yn fakânsjehúskes op Skylge: twa moannen sel

Fakânsjehúskes op Skylge by nacht © ANP Foto
De eigeners fan fakânsjehúskes op in camping op Skylge fiele harren net mear feilich neidat in 44-jierrige Grinzer ein ferline jier yn ien fan de húskes ynbrutsen hie en der fiif dagen en nachten ferbleaun hie, fertelde ien fan de eigeners moandei op de sitting fan de plysjerjochter.
De net nûge gast waard oerrûn troch de eigener. Dy trof de Grinzer yn swier beskonken tastân oan. De man hie flessen sterke drank opmakke en út blikjes iten.

Twa hûnen

Nei't er oanholden wie joech er grif ta dat er ynbrutsen hie. Hy docht dat faker: hy is dakleas en mei mei syn twa hûnen net yn de nachtopfang.
Yn deselde perioade hie er ek ynbrutsen yn in oare fakânsjewenning op Skylge. Yn april 2020 hie er ynbrutsen yn in húske op in camping yn Gees yn de gemeente Coevorden.

Smertejild

Dat der ien net frege yn harren húske oernachte hie, hie in hiel soad dien mei de húskebesitters fan de camping op Skylge, fertelde de dupearre eigener op de sitting.
De man frege 500 euro smertejild, mar dat koe de rjochter net tawize. Neffens de wet kin allinnich yn 'swierdere' strafsaken mei lichaamlik of psychysk letsel smertejild tawiisd wurde. Wol moat de Grinzer de materiële skea dy't er oanrjochte hat fergoedzje, in bedrach fan 391,44 euro.
De man krige twa moanne sel en moat in âldere selstraf ûnder betingst fan seis wiken dochs noch útsitte. Hy ferskynde net op de sitting.