Bern yn needopfang WTC lije ûnder situaasje: "Gevoel dat ik in een gevangenis zit"

Bern yn needopfang WTC lije ûnder situaasje
Ferskate bern dy't yn de needopfang yn it WTC yn Ljouwert wenje, sizze te lijen ûnder de situaasje. Hoewol't de opfang bedoeld is foar in pear wiken, wenje guon der in healjier. "Het voelt als een gevangenis."
Yn de needopfang wenje sa'n 600 minsken, wêrûnder goed hûndert bern. De omstannichheden binne dreech. Sa is der in soad lûdsoerlêst, is der net in soad privacy en moat de grutte groep minsken in lyts tal dûsen en húskes diele.
In soad flechtlingen fine it dreech om dizze problemen oan te jaan, omdat se foaral in soad tankberens fiele dat se yn Nederlân opfongen wurde. Dochs soargje de skrinende omstannichheden dat mear minsken harren ferhaal dogge. Sa is der koartlyn in hantekenaksje úteinset.

Min sliepe en net in soad boartsje

Foar de bern is de situaasje om ferskate redenen ekstra swier. Troch de lûdsoerlêst kinne se harren dreech konsintrearje op húswurk bygelyks. En der is ôfgryslik min te dwaan foar bern.
We hebben geen dak, we hebben geen deur en in plaats van muren hebben we houten panelen.
Mosaab (10)
"Er is geen plek waar we rustig kunnen spelen. Ik heb het gevoel dat ik in een gevangenis zit, waar je naar binnen en naar buiten kunt. We hebben geen dak, we hebben geen deur en in plaats van muren hebben we houten panelen", seit de tsienjierrige Mosaab.
Ek kampe in soad fan harren mei in sliepgebrek. Yn de hal is gjin deiljocht dus wurdt de opfang keunstmjittich ferljochte. De lampen geane op fêste tiden oan en út, rom nei bernebêdtiid.

Heal jier yn it WTC

"Ik heb last van pratende mensen, de mensen blijven tot laat op, luisteren naar muziek en maken lawaai. En 's ochtends om 7 uur moet ik me klaarmaken voor school", seit de 11-jierrige Hussam.
"En er zijn mensen die kaarten en als ze verliezen beginnen ze te schreeuwen", follet syn broer Mosaab oan.
Bern út de needopfang © NOS
De bruorren binne ein ferline jier mei harren heit yn dizze needopfang yn Ljouwert telâne kaam. Se tochten der in pear wiken te bliuwen, mar wenje der yntusken in healjier.
Se misse harren famylje, ûnder wa harren mem en broer en sus dy't noch efterbleaun binne. Se kinne neat oars as wachtsje oant der wat oer har besletten wurdt. En nimmen wit hoe lang oft dat noch duorret.
"Ik hoop dat wij een huis kunnen krijgen en niet meer gescheiden van elkaar hoeven te leven. Ik vind het leuk om hier te wonen, omdat ik de Nederlanders aardig vind. En ik vind de natuur heel mooi, het is hier erg groen", sa seit de âldste broer.

Needgjalp VluchtelingenWerk en UNICEF

Ferskate organisaasjes hawwe al oan de bel lutsen, wêrûnder VluchtelingenWerk en ôfrûne wike UNICEF.
Neffens UNICEF moatte bern sa gau mooglik ferhúzje nei in lytsere opfang 'waar wel ruimte is om gewoon kind te zijn'. De grutskalige opfang hat neffens de organisaasje in negatyf effekt op de ûntwikkeling fan bern.
VluchtelingenWerk sei earder dat minsken wanhopich wurde yn de needopfang. "Slapeloze nachten, verveling en een totaal gebrek aan privacy en perspectief maakt bewoners wanhopig. De rek is eruit."
Neffens de organisaasje moatte der gjin lokaasjes as it WTC mear brûkt wurde.

Wethâlder erkent probleem

Wethâlder Bert Wassink erkent dat it net goed giet mei de needopfang fan flechtlingen yn Ljouwert: "We doen het met z'n allen niet goed". Mar foar in oplossing wiist hy nei it Ryk en it COA.