Nyck de Vries makket yn frije training yn Spanje syn debút yn Formule 1

Nyck de Vries © ANP
Nyck de Vries makket dizze wike syn offisjele debút yn de Formule 1. Hy ferfangt Alexander Albon fan it team fan Williams by de frije training fan freed.
De Vries is wrâldkampioen yn de Formule E. Yn dy klasse komt er út foar Mercedes. "Ten eerste wil ik Williams heel erg bedanken voor de kans. Het is geweldig voor mij om het team te leren kennen en de FW44 te besturen, maar ook om mezelf op de baan te zien tijdens een Formule 1-weekend", seit De Vries.

Ferplichte begjinner

De Vries kin meidwaan omdat alle teams sûnt dit jier ferplichte binne om minstens twa kear in begjinner yn de auto te setten by in frije training.
Oan it begjin fan it jier sei Nyck de Vries yn FryslânDOK dat er al jierren dreamt fan in plak yn de Formule 1. "Dat is de 'pinnacle' van onze sport. Maar er is niet plek voor iedereen."
De training fan freed begjint om 14:00 oere, en de race start snein om 15:00 oere.
"De voorbereiding op de test verloopt tot nu toe goed en het team heeft me ongelooflijk gesteund. Ik kijk erg uit naar de hele ervaring in Spanje", seit De Vries.