Fierljepbûn bliid mei mear jeugd: "Wy binne der grutsk op dat dêr de groei sit"

Wisse Broekstra © Martin de Jong Fotografie
It giet goed mei de belangstelling fan de jeugd foar fierljeppen. It ledetal fan it Frysk Ljeppers Bûn (FLB) groeit net hurd. De groei dy't der is, fynt plak by de jongerein. Dat seit de FLB-foarsitter Etty Kramer-Spriensma.
Foarsitter fan it FLB, Etty Kramer-Spriensma is bliid mei de nije leden: "Dêr sit gewoan in moaie oanwaaks yn. Elke ôfdieling hat in knappe jeugdskâns en wy fernimme dat de jeugd it leuk fynt om te dwaan. Wy binne der bêst wol grutsk op dat dêr de groei sit."
Kramer sjocht dernei út dat nei de coronaperioade wer in gewoan seizoen draaid wurde kin mei publyk. "In moaie sprong meitsje en de reaksje fan it publyk dêrop. Dêr dochst it foar."

FK skoot in wike op

It Frysk kampioenskip fierljeppen wurdt dit jier net op de twadde, mar op de tredde sneon fan augustus hâlden. Dat is 20 augustus. Oant no ta wie de twadde sneon altyd de dei fan de wedstriid.
Neffens Kramer hat it ferpleatsen nei de tredde sneon te krijen mei de frijwilligers yn Winsum dy't byetiden min beskikber binne yn de boufak. Troch it kampioenskip in wike letter te hâlden falt dat dilemma fuort.
Fanwege corona waard it Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum ferline jier pas op 4 septimber hâlden.