Ekstra foarstellings foar De Grauwe Hemel oer libben fan Piet Paaltjens

Johannes Keekstra en Frank de Wilt as Francois Haverschmidt en Piet Paaltjens © Bote Schoorstra
Lokaasjefoarstelling De Grauwe Hemel, oer it libben fan dichter Piet Paaltjens, kriget ekstra foarstellings. Dat is besletten om't de belangstelling dêrfoar grut is.
De ekstra foarstellingen sille plakhawwe op freed 27 en sneon 28 maaie.
De foarstelling oer Paaltjens, it alter ego fan dûmny François Haverschmidt, wurdt spile op lokaasje yn Foudgum. Dêr waard hy yn 1859 dûmny nei syn stúdzje yn Leiden.