De app en webside fan Omrop Fryslân binne fernijd, mar wat is der feroare?

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân hat de app en webside folslein fernijd. Dêrmei is it noch makliker it Fryske nijs te folgjen op dyn telefoan, tablet en kompjûter. Mar wat is der no krekt feroare? Wy sette de belangrykste fernijingen op in rychje.

Selde uterlik op app en webside

Mei de lansearring fan de fernijde app en webside is it uterlik fan beide lyklutsen. Beide sjogge der no itselde út. It grutste part fan de Omrop Fryslân-lêzers lêst it nijs op de mobyl. Hjir is rekken mei hâlden yn it ûntwerp, de fernijde webside is dêrom smeller.

Maklik skeakelje tusken Frysk en Nederlânsk

De app en webside fan Omrop Fryslân is foar it grutste part twatalich, alle artikelen binne sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk te lêzen. As brûker kinst by de earste besite in kar meitsje tusken beide talen en dizze kar wurdt ek opslein foar de folgjende besites.
Yn in artikel kinst ek wikselje tusken de talen, dat dochst troch op it flachje boppeoan te klikken. De folsleine taalynstelling feroarje kin yn de app simpel troch te drukken op 'Mear'. Op de webside klikst op 'Ynstellingen' rjochtsboppe.
In spesjaal blok mei sportnijs © Omrop Fryslân

Mear ûnderskied yn ûnderwerpen

Foaral ynteressearre yn sport? Of allinne de artikels fan FryslânDOK lêze? It nijs fine en lêze wurdt no in stik makliker. Troch spesjale temablokken is der mear ûnderskied yn ûnderwerpen. De temablokken steane gewoan op de foarside en sjochst by it nei ûnderen skrollen.

Notifikaasjes yn it Nederlânsk of Frysk

Yn de app binne by belangryk nijs de notifikaasjes tenei ek yn it Nederlânsk te krijen. Dat wie foarhinne allinne yn it Frysk beskikber. De kar tusken nijs en sportnijs is der fansels ek noch hieltyd. De notifikaasjes binne oan te setten oan fia 'Ynstellingen' yn it appmenu.
Donkere modus yn de Omrop-app © Omrop Fryslân

Donkere modus yn de app

Yn de app kinst kieze foar de saneamde 'donkere modus'. Dit kin nofliker wêze foar dyn eagen. De donkere modus setst oan troch rjochtsûnder op 'Mear' te drukken en dêrnei op 'Ynstellingen'. Ast op 'Donkere modus' klikst kinst kieze tusken 'automatysk', 'oan' en 'út'. By 'automatysk' folget de app de ynstellingen fan dyn telefoan.

De minsken fan de Omrop yn de 'wa is wa'

Ek sa benijd hoe't dy ferslachjouwers fan radio en telefyzje derút sjogge? Sykje se op yn de 'wa is wa'. Hjir is in grut part fan meiwurkers fan de redaksje en oare ôfdielingen te finen. De 'wa is wa' is op de webside yn it menu ûnderoan te finen en yn de app fia 'Mear'.

Lettergrutte oanpasse

De lettergrutte kinst yn sawol de app as op de webside grutter en lytser meitsje. Yn de app kinst it oanpasse troch op 'Mear' te drukken en dêrnei op 'Ynstellingen' en 'Lettergrutte'. Op de webside klikst op 'Ynstellingen' en 'Lettergrutte'. Dizze kar wurdt opslein foar de folgjende besites.
De ynstelling is ek tydlik te feroarjen troch by in artikel op de AA-tsjes rjochtsboppe te klikken.
Fansels binne ek de measte âlde en fertroude funksjonaliteiten op de fernijde app en webside werom te finen.

It waar en ferkear fuortendaliks by de hân

Boppe-oan yn de app en de webside is fuortendaliks de lêste ynformaasje oer it waar en it ferkear te finen.
In 'appke' stjoere nei Omrop Fryslân © Omrop Fryslân

In berjocht nei de studio stjoere

Fia de app kinst in appke stjoere nei de studio. Om bygelyks in plaat oan te freegjen om mei te praten oer it nijs. Dat kin no ek fia de webside. Klik op 'Appke' boppeyn en lit dyn berjochtsje achter.

Alles live folgje of op in oar momint

Troch op it 'Live'-ikoan ûnderoan (mobyl) of rjochtsboppe (desktop) te klikken, sjochst wat der op dat stuit live te hearren en te sjen is. Op sawol radio, telefyzje as livestream. Fia dyselde knop fynst in gids mei dêryn in oersjoch en planning fan de kommende programma's.
Wolst in programma letter hearre of sjen? Sykje it programma dan yn de gids op, of sjoch ûnder it kopke 'Programma's'.

De Omrop-app op in âlder tastel

De fernijde app sil net op eltse telefoan of tablet wurkje. Benammen as it apparaat al wat âlder is en net mear beskikt oer ien fan de lêste bestjoeringssystemen.
Foar de fernijde app hat dyn Android telefoan of tablet minimaal Android 6.0 of heger nedich. Foar iPhone of iPad is dat iOS 12.4 of nijer.
Kin dyn tastel dat net? Dan is in oare simpele oplossing: set de omropwebside mei in snelkoppeling op it begjinskerm. Dat wurket sa: gean yn de browser, bygelyks Chrome of Safari, nei www.omropfryslan.nl. Androidbrûkers klikke dêrnei op de trije puntsjes rjochtsboppe en selektearje dan 'Toevoegen aan startscherm'.
Hast in iPhone of iPad? Klik dan yn Safari op de dielknop en selektearje 'Zet op beginscherm'. De webside is dan mei ien druk op de knop op te roppen.

Ek de fernijde app downloade?

De Omrop-app is der foar brûkers fan Android en iOS (iPhone en iPad). Elkenien dy't de app al op syn of har telefoan of tablet stean hat, hoecht dy net opnij te downloaden. De update giet meastentiids automatysk en oars is dat simpel te dwaan fia de appstores.
De app noch net op dyn mobyl? Androidbrûkers kinne de app hjir downloade en Applebrûkers dogge dat hjir.

Fragen, opmerkingen of problemen? Lit it ús witte!

Hast problemen, opmerkingen, fragen of klachten oer ús fernijde webside en app? We helpe dy graach fierder. Folje it formulier op dizze side yn en as dat nedich nimme we kontakt mei dy op.