De Hoop (PvdA) oer krisis yn flechtlingeopfang: "Nim in foarbyld oan Dijkhoff"

Habtamu de Hoop © ANP
De situaasje yn Ter Apel is djiptryst, seit Habtamu de Hoop. Neffens it Twadde Keamerlid fan de PvdA is der folle mear diedkrêft nedich om de problemen mei de flechtlinge-opfang oan te pakken.
De Hoop diskusjearre yn Buro de Vries mei LC-sjoernalist Irene Overduin en Albert van Keimpema, VVD-riedslid yn De Fryske Marren, oer de problemen mei de flechtlinge-opfang yn ús lân.
Neffens Overduin beskôgje we de problemen as in ynsidint, wylst it dat net is. "Het is een crisis die al jarenlang voortduurt. Die crisis heeft pieken en dalen en op dit moment zien we een enorme piek. Je moet het dus bekijken als een systeemcrisis."
Dy diedkrêft mis ik by de steatssekretaris dy't wy no ha.
Habtamu de Hoop oer Van der Burg yn ferliking mei Dijkhoff
De Hoop hie graach sjoen dat steatssekretaris Van der Burg wat mear hie fan Klaas Dijkhoff, dy't yn 2015 te krijen hie mei in rappe taname fan it tal flechtlingen. "Dijkhoff hie diedkrêft. Dy gie sels nei gemeenten ta om opfang te regeljen. Dy diedkrêft mis ik by de steatssekretaris dy't wy no ha."
Steatssekretaris Eric van der Burg fan Asyl en Migraasje © ANP
Irene Overduin follet oan: "Daar komt bij dat we nóg een systeemcrisis hebben: de woningnood. De keten in de opvang is verstopt doordat asielzoekers met een status niet kunnen doorstromen."
It PvdA-Keamerlid kin him fine yn de analyze fan de sjoernaliste. Hy hellet ek noch oan dat beide grutte problemen ûntstien binne yn de tiid dat de VVD yn de regearing sit. "Mar ik wol beslist net allinne de VVD de skuld jaan hear, wy wiene der allegear by."