Dirigint Bienze IJlstra krijt lanlike ûnderskieding

Dirigint Bienze IJlstra fan Stynsgea hat de Piebe Bakker Award krigen. Dat is in priis foar minsken dy't har op in bysûndere manier ynset ha foar de fanfaremuzyk en it oplieden fan jonge muzikanten.
Bienze IJlstra © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
IJlstra krige de priis snein by it dûbeldkonsert fan CMV Oranje Minnertsgea en it Nationaal Jeugd Fanfare Orkest (NJFO). IJlstra is sûnt septimber 2014 dirigint fan Oranje.
De award is neamd nei de âld-dirigint fan it NJFO, Piebe Bakker. IJlstra krige in byldsje en Durk Dam, de âld-foarsitter fan de Organisatie van Muziekverenigingen in Friesland (OMF), hold in taspraak.
Zijn geheim is zijn vermogen om muzikanten te motiveren en beter te maken.
Durk Dam oer Bienze IJlstra
"Bienze IJlstra was en is een toegewijde en uitstekende leraar", sei Dam. "Dirigeren is zijn leven lang zijn grootste passie geweest. Het geheim is zijn vermogen om muzikanten te motiveren en beter te maken."

IJlstra oerfallen

De famylje fan IJlstra wie by it konsert oanwêzich. Sels wist er fan neat ôf. "Ik bin oerfallen. Ik ha dit noch noait meimakke, mar dit is fantastysk", sei IJlstra. "Dit ha ik ek allegear te tankjen oan oare minsken, ûnder wa myn frou."
Bienze IJlstra © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De Piebe Bakker Award is twa kear earder útrikt. Yn 2006 krige dirigint Danny Oosterman de priis. Seis jier letter, yn 2012, mocht komponist Rob Goorhuis de award yn ûntfangst nimme.