Van Keimpema (VVD): "Noch noait yn in fermidden sitten mei safolle ûnferstân"

Albert van Keimpema fernuveret him oer it nivo fan de lokale polityk. "Ik ha noch noait yn in fermidden sitten mei safolle ûnferstân", seit it VVD-riedslid yn De Fryske Marren.
Albert van Keimpema fan de VVD yn De Fryske Marren © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Van Keimpema die syn útspraken yn it nijsfoarum fan Buro de Vries. Neffens him ha in soad lokale politisy te min doel oer de saken dêr't se oer beslute moatte. "Ik wurd der net fleurich fan", seit er. Njonken riedslid is Van Keimpema sjoernalist.
As wy net oppasse, gean we aansten de PvdA achternei.
Albert van Keimpema
De VVD'er is ek kritysk op de Haachske ôfdieling fan syn partij, dy't neffens him fierstente folle op macht en posysje rjochte is en te min omtinken hat foar de achterban.
"As wy net oppasse, gean we aansten de PvdA achternei." Hy doelt op it ferlies oan sitten dêr't de PvdA de lêste jierren mei te krijen hat.

Rutte moat mear partijman wurde

"Rutte soe mear stjoere moatte yn de partij en derfoar soargje moatte dat oaren aansten klear stean om him op te folgjen. Hy soe folle mear partijman wêze moatte."