Follybalster Roos van Wijnen fynt it nei 14 jier genôch west: "Toch raakt het me wel"

Nei fjirtjin jier hâldt Roos van Wijnen op mei topsportfollybal. We praten mei har oer har kar en fiif minsken út har follyballibben by VC Snits ha in fideoboadskip foar har ynsprutsen.
Roos van Wijnen nei it earste kampioenskip yn 2015 © Orange Pictures
No is it echt klear. Hoe is dat?
"Wel een beetje gek nog. Het moet nog even landen, maar ik heb ook wel zin om andere dingen te doen."
Wêrom hâldst eins op?
"Elke keer die druk van het moeten presteren, het moeten trainen. Dat breekt me een beetje op. Ik heb iets minder zin om naar volleybal te gaan. Het spelletje is nog hartstikke leuk. Mijn teamgenoten ga ik heel erg missen, maar ik had te veel dat ik elke keer dacht: ik moet weer."
Roos van Wijnen debutearret op har fyftjinde by it earste fan VC Snits. Se groeit op yn in echte follybalfamylje. Se spilet lang mei har sus Ellen yn it earste en har heit en mem ha ek altyd op topnivo follyballe.
Hans van Wijnen spile sels op de Olympyske Spelen. Hy kaam yn 1995 te ferstjerren. Har mem is Martsje de Vries, dy't ek op heech nivo follyballe en al hiel lang jeugdtrainer is by VC Snits. Se waard twa kear Nederlânsk kampioen, wûn twa kear de beker en ien kear de Supercup.
Dan is it net leuk mear?
"Het plezier in het spelletje niet. Het was gewoon tijd voor leuke vakanties wanneer we willen. Tijd voor andere dingen."
Hoe wie it hjoed?
"Het is wel jammer om het zo af te sluiten. Je hebt veertien jaar lang eigenlijk alles gespeeld, dan is het nu ook wel klaar. Dan weet je dat het de goede keuze is geweest."
Fideoboadskip rekket Roos van Wijnen:
Ast no weromsjochst op fjirtjin seizoenen. Wat is dan it hichtepunt?
"De eerste keer landskampioen. Het feest, hoe Sneek er naartoe leefde. Zo lang niet meer landskampioen geweest en dan zat het er aan te komen. De hele stad had het erover. Dat moment was wel heel mooi."
Binne der noch in soad minsken dêr'tst kontakt mei hast út dy tiid?
"Jazeker, Fenna Zeinstra was hier bij mijn laatste wedstrijd. Janieke Popma, Monique Volkers, eigenlijk dat hele team heb ik nog goed contact mee."