Liveblog | 15 maaie

Nyck de Vries wint yn Berlyn | Seizoen Aris foarby

Wolkom yn dit liveblog. Hjir koest de Fryske topsport fan 15 maaie folgje.

  • Hearrenfean pleatst him foar de play-offs om Europeesk fuotbal;
  • Cambuur wint yn Grins en einiget dêrmei as njoggende;
  • It partoer fan Tjisse Steenstra wint it keatsen yn Dronryp;
  • Nyck de Vries pakt de oerwinning yn de Formule E yn Berlyn;
  • Foar Aris is it seizoen foarby, nei in nij ferlies yn de play-offs.
Bywurke: 15 maaie, 19:09
snein 15 maaie
19:52

Ein fan dit sportblog

Hjirmei slute we it sportblog fan dit wykein ôf. Tank foar it folgjen!
19:04

Seizoen Aris foarby

It seizoen foar Aris is foarby. De Ljouwerter basketballers ferlearen yn de play-offs fan de BNXT League ek de twadde wedstriid fan Okapi Aalst.
Fan 'e wike gong Aris thús al mei 61-78 ûnderút tsjin de Belgen. Om troch te gean, moast Aris dus mei 18 punten ferskil winne yn Aalst. Dat slagge lang net: it waard 83-67.
19:01

De reaksjes nei Hearrenfean - Go Ahead Eagles

18:03

De reaksjes nei Grins - Cambuur

17:41

Winst Nyck de Vries

Nei in teloarstellende race juster, hat Nyck de Vries hjoed de achtste race yn de Formule E wûn. Op it âlde Tempelhof-fleanfjild yn Berlyn ried er dominant en kaam er as earste oer de streek. Syn ploechgenoat Stoffel Vandoorne waard tredde.
Yn de stân klimt de Fries nei it sechsde plak, mei 65 punten. Vandoorne giet oan de lieding yn it klassemint; de Belch hat 111 punten.
It seizoen sit no op 'e helte. Begjin juny is de folgjende race, yn Jakarta (Yndonezië).
17:24

Keatserij Dronryp proai foar Steenstra

Tjisse Steenstra, Hans Wassenaar en Renze Pieter Hiemstra © Henk Bootsma
De winst by it haadklassekeatsen yn Dronryp is foar Tjisse Steenstra, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. Se wûnen yn de finale fan Enno Kingma, Kees van der Schoot en Menno van Zwieten.
16:32

Winst foar earedivyzjonisten

De twa Fryske earedivyzjonisten slute it reguliere seizoen ôf mei in moaie oerwinning. Hearrenfean wie thús mei 3-1 te sterk foar Go Ahead Eagles en pleatst him dêrtroch sels foar de play-offs om Europeesk fuotbal.
Yn Grins pakte Cambuur de oerwinning, it waard 2-3 yn de Euroborg. De Ljouwerters einigje dêrmei op it njoggende plak.
14:34

Los

De wedstriden fan beide Fryske betellefuotbalklups binne begûn. Om likernôch 16.15 is bekend hoe't de earedivyzje einiget. Dan lêst ek de ferslaggen fan beide wedstriden op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app.
14:03

It ynspyljen fan Hearrenfean

14:02

De opstelling fan sc Hearrenfean

13:54

Cambuur waarmet op

13:50

De opstelling fan SC Cambuur

13:30

De sport fan hjoed

It is matchday foar SC Cambuur en sc Hearrenfean. Beide wedstriden binne fan 14.30 oere live te folgjen by Omrop Fryslân, op de radio en fansels hâlde we it fuotbal ek yn de gaten yn dit liveblog. Fierders is der omtinken foar de frije formaasjepartijen fan it haadklasse keatsen. De manlju spylje yn Dronryp en de froulju yn Wjelsryp.
Letter op de dei sjogge we nei de prestaasjes fan titelferdigener Nyck de Vries yn de achtste race fan de Formule E yn de Dútske haadstêd Berlijn. De basketballers fan Aris Ljouwert spylje yn de twadde ronde fan de play-offs om de BNXT League tsjin it Belgyske Okapi Aalst. Woansdei wie de earste wedstriid, hjoed de return yn België.