Under Wetter yn premjêre op de iisbaan fan Wergea: "It rekket je"

Tusken de folle moanne en de ûndergeande sinne spile Tryater sneontejûn de premjêre fan Under Wetter. Mei de dûnsers fan Ivgi&Greben, de beweechfiguranten, de trombonisten en fansels alle akteurs wie der genôch te sjen op de iisbaan fan Wergea.
In sfearympresje fan Under Wetter:
It publyk kuieret fan it parkearplak rêstich nei de iisbaan. Underweis wapperje de flachjes. De folle moanne is ek yn it sinneskynwaar fan de jûn al goed te sjen. It publyk krijt earst de sfear fan de iisbaan mei, yn in hast nostalgysk tafriel.
"De iisbaan is iepen, wolkom op it feest fan de natuer", ropt akteur Joop Wittermans, dy't de foarâlders fertolket as Hendrik senior. Hendrik junior, Mattheüs Douwes, wurdt 18 jier en dan is der grut feest.
It stik giet oer it boerebedriuw fan de famylje Kingma. Afke moat beslute oft se de iisbaangrûn ferkeapet, sadat har soan de pleats oernimme kin.
Wat is de funksje fan in iisbaan as je hast nea mear op redens kinne? Kinne der dan net folle better enerzjyneutrale wenten op boud wurde? Der is ommers ek in grutte fraach nei plak om te wenjen. De rol fan de natuer dy't feroaret, wurdt nei de ein ta hieltyd grutter.
Alle emoasjes komme foarby. De twifel fan Hendrik jr. oft er de pleats eins wol oernimme kin en oft dat dan mei syn leafde Sara is, spile troch Ayisha Siddiqi. Dy wol der in klimaatneutrale future farm fan meitsje.
Der wurdt ek lake. Foaral om boekhâlder Dennis, spile troch Rogier in 't Hout. Hy hat it bêste foar mei Afke, spile troch Tamara Schoppert, en jout har finansjeel advys. Dat er fereale op har is, sjocht Afke net.
It publyk wie ûnder de yndruk:
It rint út de hân nei de jiergearkomste en dan krijt it publyk in blik yn de takomst, as it wetter heech stiet en elkenien op it punt stiet te evakuearjen. It lêste byld makket bot yndruk: elkenien ûnder wetter, mei alle muzyk en dûns derby, dat komt wol binnen by it publyk.
Under Wetter is ien fan de foarstellingen fan Arcadia, de opfolger fan LF2018. Hûndert dagen lang is der keunst en kultuer mei omtinken foar de takomst fan de mienskip, it lânskip en erfgoed.
Regisseur en betinker Tatiana Pratley wol mei dizze foarstelling de herten fan alle minsken fan ferskate generaasjes fiele litte. Hoe giet elts om mei alle feroaringen? Is feroaring ek in kâns? Wannear hâlde je fan in plak en kinst dat ferlitte? En hoe dan?
Pratley hat it betocht yn coronatiid, kuierjend by har eigen iisbaan yn Marsum del. Oft it wurden is wat se doe betocht hat? Se tinkt dat it grutter wurden is, as se betocht hie. Se is grutsk op alle muzikanten, dûnsers, akteurs en elkenien achter de skermen. "Dat lêste byld, elkenien ûnder wetter, dat lit sjen hoe't de takomst derút sjen kin. Dat rekket my."
De spilers en makker Tatiana Pratley binne tefreden en grutsk: