Resinsje De Grauwe Hemel: Lichtfuottige swiermoedigens

Wat Piet Paaltjens wie foar Francois Haverschmidt, waard dy lêste foar skriuwer en akteur Johannes Keekstra: in 'worgengel', oftewol in 'engel des verderf.' Keekstra makke der in iepenloftfoarstelling oer.
Henk te Biesebeek beskôget © Omrop Fryslân
Al by syn libben wie Francois Haverschmidt ferneamd. Net as de talintfolle dûmny, syn berop, mar as dichter Piet Paaltjens. Dat wie syn ropping. Syn hiele libben lang hat hy in soarte fan dûbeldrol spile. Haverschmidt spruts ek oer Paaltjens as in oare persoan, dy't de suksesfolle dichtbondel Snikken en Grimlachjes as literêr testamint oan him neilitten hie.

Foudgum

Efkes yn it koart: wat hat Francois Haverschmidt mei Fryslân? Hy is berne yn Ljouwert, as soan fan in apoteker en wynhanler, studearre yn Leiden foar dûmny en waard dûmny yn Foudgum, by Dokkum. Dat hie fansels net moatten.
De tsjerkegongers dêr op de klaai hiene inkeld ferlet fan 'it wurd fan God' en koene neat mei in frivoale dûmny dy't ek nochris frjemde gedichtsjes skreau. It libben fan de iensume Haverschmidt waard dêrtroch net mear 'als een plantenbestaan onder de grauwe hemel', sa skreau hy oan syn stúdzjefreonen yn Leiden.

Grauwe Hemel

Johan Keekstra is yntusken yn Fryslân ek gjin ûnbekende mear. De kommunikaasjeadviseur by de provinsje Fryslân hat de smaak fan teäter en kultuer te pakken.
De kâns dy't Kulturele Haadstêd 2018 him bea mei it projekt Under de Toer hat er mei beide hannen oanpakt mei syn foardrachten oer Francois Haverschmidt. Keekstra fielde in bân mei de dûmny en dichter. Hy woe mear witte oer dizze persoan. It resultaat fan dizze stúdzje en syktocht wie in kloek boekwurk: Grauwe Hemel.

Diminsje

Dit boek hat de basis west foar de teäterfoarstelling, dêr't Keekstra ek it senario foar skreau. Hy hat sels de rol fan Haverschmidt op him nommen, om't er al sa besibbe wie mei syn haadpersoan.
Frank de Wilt waard frege foar it alter ego, de dichter Piet Paaltjens, wylst aktrise Eline de Vries as reade tried yn it ferhaal in mearke fan Hans Christian Andersen fertelt. En dêrmei, hiel tûk betocht troch Keekstra, jout se in ekstra diminsje oan it ferhaal. Dêroer letter mear.
Johannes Keekstra en Frank de Wilt as Francois Haverschmidt en Piet Paaltjens © Bote Schoorstra
Grauwe Hemel hat de foarm fan in iepenloftfoarstelling. Sa sette we útein yn de tún fan de pastorij, dêr't Haverschmidt as dûmny wenne hat. We sjogge twa manlju tsjinoer in oar oan in tafeltsje sitten.
Dan docht bliken dat Keekstra de dûbelrol fan dûmny en dichter hiel letterlik nommen hat. Haverschmidt sjocht yn syn spegelbyld Paaltjens. En Keekstra en De Wilt meitsje dat byld noch grutter troch harren teksten syngroan foar te dragen.
Yn it radioprogramma Op & Ut besprekt ferslachjouwer Henk te Biesebeek alles wat him yn Fryslân ôfspilet op kultureel mêd. Syn resinsjes ferskine ek op de webside fan Omrop Fryslân.
Dy rolferdieling wurdt oan de ein ta folholden, al wikselet Frank de Wilt syn rol ôf mei inkele doarpskarakters. Typkes dus as de skoalmaster, de kroechbaas en de húshâldster. De Wilt spilet alle rollen like naturel en mei gemak. Somtiden docht hy it sels mei safolle oertsjûging dat hy Keekstra as akteur wat yn it skaad set.
Haverschmidt oan it bidden op it tsjerkhôf © Bote Schoorstra
Wie it de spanning fan in premjêre? Keekstra like earst wat muoite te hawwen om kontakt mei it publyk te krijen. Mar ferhip, wie dat ek net it euvel fan Haverschmidt sels? Dat hy ek gjin bân krije koe mei syn gemeente?
Keekstra werpakt himsels as akteur yn bygelyks in sêne dat hy op it tsjerkhôf syn gedichten skriuwt. Hoe't humor en melangoly mei-inoar oprinne yn syn libben:
Als ik een bidder zie loopen,
Dan slaat mij 't hart zoo blij,
Dan denk ik, hoe hij weldra
Uit bidden zal gaan voor mij.
Moai hoe't hy dan de natuer yn dy sêne meinimme kin, en hoe't de fûgels krekt witte wat fan harren ferwachte wurdt. En dat spitich genôch dan ek wurde. It is ek spitich dat Foudgum oan in drokke dyk tusken Dokkum en Holwert leit, dat it idyllyske toanielbyld fersteurd wurdt troch it kabaal fan frachtweinen en motoaren.
Eline de Vries soarget as Betsy foar in ekstra diminsje © Bote Schoorstra
De foarstelling einiget yn de Mariatsjerke. Dêr binne de ruten ôfplakt mei foly. Troch de blauwe sfearferljochting en de bombastyske oargelklanken wurdt sa no en dan wier de hel oproppen dêr yn Foudgum, sa as it bytiden foar Haverschmidt west hawwe moat.

Het lelijke eendje

It publyk wurdt dúdlik makke dat de dûmny eins net sûnder de dichter kin en oarsom. En hoe't beide persoanen yn omearming harren ûnheil temjitte rinne. Moai hoe't Eline de Vries it publyk en Haverschmidt foarhâldt dat syn rêding en kâns op in lokkiger libben eins yn dat mearke fan Het lelijke eendje opsletten leit.
Mar dy libbenswierheid is nea ta Francois Haversmidt trochkrongen. It hat him nea moed jûn om nettsjinsteande dit alles troch te gean. Dat wurdt it publyk geandewei dizze foarstelling wol dúdlik. Piet Paaltjens hat dat sels ommers sa moai foardroegen op it tsjerkhôf:
Daar waren eens drie studentjes
Drie vrienden in lust en in nood;
Ze sprongen zoo moedig de wereld in,
En de wereld - trapte ze dood.