De follybalsters fan VC Snits witte tredde fan Nederlân te wurden

VC Snits is tredde fan Nederlân wurden. Yn de striid om dat tredde plak waard sneontejûn Regio Zwolle ferslein.
VC Snits (argyffoto) © Orange Pictures
Snits hie ferline wike al mei 3-0 wûn. Diskear hiene se it yn de earste set noch flink swier. Sy stiene mei 22-15 efter, mar se wûnen dochs noch mei 24-26.
Ek yn de twadde set hie Zwolle lang in foarsprong, mar dochs gie de winst nei Snits mei 22-25. Dêrmei wie de striid om it tredde plak al beslist. Zwolle Moast mei 3-0 of mei 3-1 winne.
Yn de tredde set krige VC Snits trije matchpoints. Dochs gie de winst nei Zwolle mei 28-26. Ek de fjirde set ging nei Zwolle. De beslissende fiifde set waard lykwols wûn troch Snits mei 15-8.
It wie de lêste wedstriid fan Roos van Wijnen. Se nimt nei 14 jier ôfskied fan de follybalsport.