Aldehasker famyljebedriuw Wiersma fiert 150-jierrich jubileum

It famyljebedriuw Wiersma Olie & Techniek fan Aldehaske hat syn 150-jierrich bestean fierd. Der is in spesjaal jubileumboek makke en der waard in toanielstik oer de famylje opfierd.
Germ Wiersma © FotoTekst.nl/Anita
Kommissaris fan de Kening Arno Brok mocht it earste eksimplaar fan it boek oerlangje. It toanielstik 'Welkom bij de Wiersma's' fan Martijn Zwagerman waard tolve kear opfierd en brocht alle generaasjes yn byld.
Yntusken wurket de sechsde generaasje yn it bedriuw, dat 150 jier lyn troch skipper Haitze Foppes Wiersma (1842-1918) oprjochte is. Trije generaasjes wiene op skûtsje De Lastdrager aktyf yn de turfhannel.
De famylje folge nei de turf de brânstoftransysjes: it stapte oer nei koalen, hûsbrânoalje, fossile motorbrânstoffen, biodisel en duorsume syntetyske disel.
Germ Wiersma hat as hjoeddeiske eigener ek in spesjale torpedotruck ûntbleate, dy't stikem nei de feesttinte yn Aldehaske riden wie.