Ambulânsen en helikopter oproppen foar slim speedboatûngelok yn Ljouwert

In man is slim ferwûne rekke by in ûngelok mei in speedboat yn De Potmarge yn Ljouwert. Dat barde yn de omkriten fan de Hoekemastrjitte.
© AS Media
It ûngelok barde oan it begjin fan de jûn by de Sixmabrêge oer De Potmarge. De man, dy't de boat bestjoerde, is neffens de plysje mei syn holle tsjin de brêge kaam. It slachtoffer is mei swier letsel nei it sikehûs brocht.
Trije ambulânsen en in traumahelikopter waarden oproppen. De boat is tsjin de wâl oan kaam, der soene earder fjouwer minsken yn de boat sitten hawwe.
De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok. De speedboat is yn ferbân dêrmei yn beslach naam.