Marit Bouwmeester is befallen fan in famke: Jessie Mae

Sylster Marit Bouwmeester is befallen fan in famke: Jessie Mae. It 33-jierrige sportikoan fan Warten makke it poppenijs op sosjale media bekend.
Marit Bouwmeester mei freon Diederick en de poppe © Marit Bouwmeester
"Hello world! Daar is ze dan, onze lieve kleine Jessie Mae", skriuwt Bouwmeester op Twitter, mei twa foto's fan de poppe en fan harsels, de poppe en har freon Diederick Rembrandt.
Yn oktober makke Bouwmeester al bekend dat sy yn ferwachting wie en yn novimber ferklapte sy dat it in 'miny-Marit' wurde soe, in famke dus. Bouwmeester hopet oer twa jier wer mei de dwaan foar olympyske medaljes by it silen.