Rome makket him op foar de hillige Titus: Friezen wurkje hiel programma ôf

Rome makket him op foar de hillichferklearring fan de Fryske pater Titus Brandsma en njoggen oare hilligen yn spee. Der wurde sa'n 50.000 minsken ferwachte en der binne ek in soad Friezen by.
Yn Rome wurdt noch drok wurke oan de tariedingen:
Der wurdt in spesjale mis hâlden op it Sint-Pietersplein, de ferwachting is dat it al mei al fan in oere as 10.00 oant in oere as 12.00 duorje sil.
Ferslachjouwer Annet Huisman wie al yn Rome. "Der steane rigen en rigen mei stuollen klear. It poadium is noch net fersierd, mar der hingje wol fiif grutte findels mei de tsien oansteande hilligen."
Annet Huisman fan it Sint-Pietersplein yn Rome ôf
In groep fan sa'n 250 minsken is mei de organisaasje Huis voor de Pelgrim ôfreizge nei Rome. Under har ek de parochyleden fan de Zalige Titus Brandsma Parochie yn Boalsert, mei de pastoar.
Titus Brandsma © ANP
De groep hat in drok programma, want der folget ek in besite oan de Friezetsjerke, dêr't al iuwen Fryske pylgers komme. Der wurdt in mis hâlden mei trije Nederlânske biskoppen.
De tsjerke fan de karmeliten, de oarder fan Brandsma, stiet hielendal yn it ramt fan de hillichferklearring. Der is ek in tentoanstelling oer Brandsma, mei syn byltenissen en mei kearsen.
De hillichferklearring is snein 15 maaie te folgjen op telefyzje by Omrop Fryslân yn in mienskiplik program mei KRO-NCRV. Yn De Tiid yn Boalsert prate we oer de betsjutting fan Brandsma en dêrnei is, live út Rome, de eucharistyfiering te sjen, mei dêryn de hillichferklearring. It programma begjint om 9.30 oere.
Yn it radioprogramma Buro de Vries is tusken 11.00-12.00 oere omtinken foar Titus Brandsma en dan benammen syn leafde foar it Frysk en Fryslân en syn ynset foar de Bonifatiuskapel yn Dokkum. Brandsma wie ek belutsen by de oprjochting fan de Fryske Akademy.
In part fan it petear mei Pieter Duijff fan de Fryske Akademy oer Brandsma