Fan dizze trekker by Rinsumageast bleau amper wat oer nei't dy yn brân fleach
By Rinsumageast fleach sneon in trekker midden yn it lân yn ljochte lôge. De brânwacht moast útride nei de Tuskendammen, súdlik fan it doarp.

De brân yn de trekker wie ûntstien wylst der gers meand waard. Doe't de brânwacht op it plak kaam, stie de boel al folslein yn brân. De brânwacht hie it fjoer rap ûnder kontrôle, mar fan de trekker bleau net in soad oer.