Liveblog | 14 maaie

Sportblog: Broekstra ljept fierder as senioaren, dêr't Galama winst pakt

Yn dit liveblog bliuwst op de hichte fan de Fryske sport op 14 en 15 maaie.

  • Ljeppers wenne op earste seizoensstriid: Galama wint;
  • Nyck de Vries hat te lijen fan ûnderstjoer en einiget 10e;
  • Striid tusken Snits en Bûtenpost einiget yn 3-2;
  • Harkemase Boys nimme 2-3 winst mei út Harderwijk.
Bywurke: 14 maaie, 22:50
sneon 14 maaie
22:43

Dat wie it foar hjoed!

Oant safier it Fryske sportnijs fan 14 maaie. Moarn binne we der wer, mei ûnder oaren:
Oant moarn!
22:39

De follybalsters fan VC Snits wurde tredde fan Nederlân

VC Snits is tredde fan Nederlân wurden. Yn de striid om dat tredde plak waard sneontejûn Regio Zwolle ferslein.
VC Snits (argyffoto) © Orange Pictures
Yn de earste set stiene se noch efter mei 22-15, mar se wûnen dochs noch mei 24-26. Yn de twadde set gie de winst ek nei Snits, mei 22-25.
Yn de tredde set krige VC Snits trije matchpoints. Dochs gie de winst nei Zwolle mei 28-26. Ek de fjirde set ging nei Zwolle. De beslissende fiifde set waard lykwols wûn troch Snits mei 15-8
21:50

LDODK wint thús fan DeetosSnel

De kuorballers fan LDODK hawwe mei 19-15 wûn fan hikkesluter DeetosSnel fan Dordrecht, yn de eareklasse A. It wie in thúswedstriid foar de ploech.
21:35

Galama wint earste seizoenswedstriid fierljeppen

Ysbrand Galama fan Warkum is mei 18.45 meter yn syn twadde finalesprong winner wurden by it fierljeppen fan de senioaren. Bûtenpost wie striidtoaniel fan de earste wedstriid yn de earste klasse. It wie in moaie sprong foar Galama, al kaam it noch net by syn persoanlik rekôr fan 21.53 meter yn de buert.
© Gerrit de Boer
17:19

Minne race foar Nyck de Vries: 10e plak

Yn de sânde rit fan de Formule E is koereur Nyck de Vries op in tsiende plak einige, +6.602 efter de winner, Edoardo Mortara fan Switserlân. De Belgyske Stoffel Vandoorne, dy't lykas De Vries foar Mercedes-Benz EQ rydt, kaam op it tredde plak terjochte.
It slagge De Vries net om posysjes omheech te skowen. Hy hie te lijen fan 'ûnderstjoer': de auto stjoerde minder goed as hy woe. Mei it tsiende plak koe hy noch wol in punt pakke, wêrtroch't er no op in achtste plak stiet yn it seizoen. Nyck de Vries is de titelferdigener. De earste race fan dit seizoen wûn hy, mar de races dêrnei gie it minder.
16:53

Striid tusken Snits en Bûtenpost einiget yn 3-2

Sportpark De Swadde wie sneon it striidtoaniel fan it duel tusken VV Bûtenpost en ONS Snits. Yn de earste minuten folgen al foar beide ploegen kânsen, mar beide kearen bedarre de bal net yn de goal. Yn de 23ste minút wist oanfierder Berend Schootstra de 1-0 wól binnen te koppen foar Bûtenpost, út in hoekskop wei.
Pas tweintich minuten letter wist Han van Dijk foar ONS de lykmakker te meitsjen. Hy kopte de bal yn de goal, ek út in hoekskop wei. De freugde foar ONS duorre net lang, want twa minuten dêrnei folge wer in goal foar Bûtenpost. Mei 2-1 giene de fuotballers it skoft yn.
Dêrnei wie it wer oan ONS: in foarset fan Steyn Potma kaam úteinlik yn de goal terjochte, nei't it fan rjochting feroare. De thúsploech wist de stân op 3-2 te setten yn de 64ste minút. Dat waard ek de einstân fan de fuotbalstriid tusken de twa Fryske ploegen.
V.V. Bûtenpost (argyffoto) © Orange Pictures
16:16

Lang lykop foar Harkemase Boys, mar de ein bea ferlossing

Harkemase Boys naam it sneon yn sportpark De Strokel Harderwijk op tsjin VVOG Harderwijk. In waarme wedstriid, wêrby't de sproeiers njonken it fjild oan stiene en der ekstra drinkskoft holden waard.
It duel begûn min foar Harkemase Boys, al nei in heale minút foel de earste goal. Jeremy de Graaf fan VVOG kaam frij te stean en koe de bal maklik yn de goal koppe. Efkes letter krige De Graaf wer in kâns, mar diskear koe Harkemase Boys op tiid yngripe.
Wat de ploech ek besocht, echt in grutte kâns koene de spilers fan De Harkema noch net pakke. De aksjes waarden fuortkopt of bedarren yn de hannen fan de keeper. De fuotballers giene mei in 1-0 efterstân it skoft yn.
Kian Visser (argyffoto) © Orange Pictures
Nei de rêsttiid wist Harkemase Boys wer mar krekt te ûntsnappen oan in tsjinfoal. In hurd skot fan VVOF fleach njonken de krusing nei in goede oanfal. It like oft beide ploegen in fersnelling heger spilen nei it skoft. Dat die fertuten, want yn de 52ste minút foel lang om let de earste goal foar Harkemase Boys. Jari Slort krige de bal yn de fiere hoeke. De keeper gie der fanút dat de bal oerfleane soe, of tsjin de latte kaam, mar dat wie net it gefal.
Goed tsien minuten letter folge de 1-2. It slagge Jhurrey Margaritha om de bal frij yn te koppen by de twadde peal. Mar ek de lykmakker folge wer. Troch sleauwens by Harkemase Boys koe VVOG in goede oanfal opsette.
Mei noch goed tsien minuten te gean waard it echt spannend. Mar yn de 88ste minút folge in ferlossende 2-3 foar Harkemase Boys. Mart Bloeming tikte de bal binnen, dy't de bal fia Kian Visser krige. De ploech fan Harderwijk besocht noch út alle macht om in doelpunt te meitsjen, mar dat slagge net. De fuotballers fan De Harkema namen de winst mei de bus yn.
15:57

Keatsen: frouljus haadklasse

Yn Oentsjerk waard sneon keatst yn de frouljus haadklasse. It partoer fan Wybrig Bakker, Larissa Smink en Melissa Hiemstra stie ferrassend as finalist foar Ilse Tuinenga, Sandra Hofstra en Gerde Lycklema á Nijholt oer.
12:54

Roeland ten Berge fuort by Feanfroulju

Roeland ten Berge ferruilet takom seizoen de Feanfroulju foar de fuotbalsters fan PEC Zwolle. De 45-jierrige trainer/coach folget by de earedifyzjonist Joran Pot op, dy 't nei FC Twente Froulju reizget. Ten Berge wie de ôfrûne fiif seizoenen wurksum by de froulju fan sc Hearrenfean. Hy tekenet yn Zwolle in kontrakt foar ien jier.
Ten Berge, ek wurksum as dosint by de KNVB, wie earder aktyf as trainer yn it amateurfuotbal by de manlju. Hy siet op de bank by ûnder oare DVS '33, Excelsior '31 en Berkum. "Foar my wie it nei fiif jier tiid foar wat nijs", meldt Ten Berge fia syn nije klup."
12:14

Froulju sc Hearrenfean bliuwe ien-nei-lêste

De fuotbalfroulju fan sc Hearrenfean kamen freedtejûn al yn aksje. Op besite by PEC Zwolle waard der mei 1-1 lykspile. Merel Bormans makke yn de sechttjinde minút it iennige Fryske doelpunt.
Troch it lykspul bliuwt Hearrenfean mei noch ien wedstriid te gean op it achtste en ien-nei-lêste plak yn de earedivyzje.
De froulju fan sc Hearrenfean fiere harren doelpunt © Orange Pictures
12:00

De sport fan hjoed

It is matchday foar ûnder oare de bêste Fryske amateurfuotballers, fierljeppers yn de earste klasse en Nyck de Vries. Dit is de sport dy't Omrop Fryslân hjoed folget:
Ysbrand Galama © Martin de Jong Fotografie