Wat makket Fryske pryster Titus Brandsma fan sillige ta hillige?

Yn in spesjale mis op it Sint-Pietersplein yn Rome wurdt snein de Fryske pryster Titus Brandsma (1881-1942) hillich ferklearre. Pastoar Paul Verheijen fan de Pax Christi-parochy yn Dokkum leit út wat dat betsjut.
Titus Brandsma (1881-1942) © Omrop Fryslân
Wat makket Titus Brandsma bysûnder?
"Titus Brandsma heeft het evangelie geleefd. We hebben heiligen nodig, ze zijn levende voorbeelden die ons tonen dat het mogelijk is te leven zoals Jezus ons heeft voorgeleefd. Dat lijkt soms onmogelijk, maar zij laten zien dat het wel te doen is. Hij was vergevingsgezind en sprak nooit kwaad over iemand. Medegevangenen uit het concentratiekamp hebben daarvan getuigd. Zo moest hij bijvoorbeeld de ramen schoonmaken en als er dan nog een vlekje op zat, kreeg hij flink op zijn sodemieter met slagen. Maar hij sprak daar geen kwaad van."
Hy wie al earder sillich ferklearre, wêrom wurdt hy no hillich?
"Eigenlijk zijn bij een heiligverklaring twee wonderen nodig, maar paus Franciscus heeft gemeend dat Brandsma daar met één wonder toch ook voor in aanmerking kwam. Ook gezien zijn statuur en wat hij in de Tweede Wereldoorlog heeft gedaan. De paus heeft daarin het laatste woord. De wegen van Rome zijn, zoals wel vaker, onnavolgbaar. Wel jammer dat maar liefst tien mensen heilig worden verklaard. Dan sneeuwt Titus Brandsma wellicht wat onder."
Omrop Fryslân hat wiidweidich omtinken foar Titus Brandsma:
Wie it in lange wei?
"Al in 1985 besloot paus Johannes Paulus II om Brandsma als martelaar zalig te verklaren. Dat was de laatste stap naar een heiligverklaring. Het wonder dat aan hem wordt toegeschreven, is dat in 2004 een Amerikaanse pater van kanker genas nadat hij tot Brandsma had gebeden, terwijl dat wetenschappelijk of medisch gezien niet zou kunnen. Het is dus best een lange weg geweest met vele documenten en commissies."
Wat feroaret der?
"Ik denk dat met deze heiligverklaring het leven en werk van Brandsma weer meer onder de aandacht komt. Je ziet dat er ook nog steeds belangstelling voor de Tweede Wereldoorlog is, bij de Dodenherdenking in Dokkum waren veel mensen, ook jonge mensen. En het trekt bijvoorbeeld meer mensen naar onze Bonifatiuskapel, waarvoor hij heeft geijverd."
Paul Verheijen, pastoar yn Dokkum © Pax Christi Parochy
De hillichferklearring is snein 15 maaie te folgjen op telefyzje by Omrop Fryslân yn in mienskiplik program mei KRO-NCRV. Yn De Tiid yn Boalsert prate we oer de betsjutting fan Brandsma en dêrnei is, live út Rome, de eucharistyfiering te sjen, mei dêryn de hillichferklearring. It programma begjint om 9.30 oere.
Yn it radioprogramma Buro de Vries is tusken 11.00-12.00 oere omtinken foar Titus Brandsma en dan benammen syn leafde foar it Frysk en Fryslân en syn ynset foar de Bonifatiuskapel yn Dokkum.
Libbet it by de katoliken?
"Ik heb voorgesteld om de heiligverklaring op een groot scherm in de kerk te volgen, maar door corona zijn mensen het gemak van thuis gewend. Ze zeiden dat ze het thuis net zo goed kunnen volgen. Ik zal zeker een deel van de preek aan hem wijden. over het gebod om elkaar lief te hebben. En daarmee kun je ook de link leggen naar de actualiteit van de vluchtelingen."
Wurdt Titus Brandsma no bekender?
"Katholieken kennen hem al van de kalender waar hij op staat, nu nog als zalige uiteraard. Ik verwacht wel dat hij er op zijn dag, die zijn sterfdag is, als heilige op komt. Als er dan niet al iemand anders is, maar soms zijn er ook meerdere heiligen op een dag. Op zo'n naamdag herdenken we de persoon en staan we er bij stil in vieringen."
Libben
Op 23 febrewaris 1881 waard Anno Sjoerd Brandsma berne yn Oegekleaster, by Boalsert. Doe't er 17 jier wie, gie er ûnder de namme Titus yn it kleaster by de karmeliten. Yn 1905 waard er wijd ta pryster. Yn Rome studearre er ûnder oare filosofy. Werom yn Nederlân waard er yn 1919 yn Oss haadredakteur fan it nijsblêd De Stad Oss. Syn tsjerklike en maatskiplike ynset soarge derfoar dat Brandsma yn 1923 ta heechlearaar beneamd waard oan de universiteit fan Nijmegen. Yn it kolleezjejier 1932/33 waard er dêr rector magnificus.
Oarloch
Doe't de Dútsers yn maaie 1940 Nederlân ynfoelen, kaam de posysje fan Titus Brandsma yn gefaar. Al inkelde jierren foar de Twadde Wrâldoarloch warskôge hy foar de gefaren fan it nazirezjym. Hy hie gjin goed wurd oer foar de maatregels tsjin de Dútske joaden en joech lêzingen oer rassehaat. Yn jannewaris 1942 waard er troch de Dútsers arrestearre, om't er him tsjin it nazisme fersette. Nei't er yn ferskate Nederlânske finzenissen sitten hie, kaam er terjochte yn it konsintraasjekamp Dachau. Dêr ferstoar er op 26 july 1942.
Frysk
Titus Brandsma hat him ek ynset foar it Frysk. Hy wie ien fan de oprjochters fan it Roomsk Frysk Boun (1917) dat it Frysk ûnder katoliken befoarderje woe. Yn 1928 waard er lid fan de Fryske Underwiisrie dy't pleite foar Frysk op de legere skoalle. En hy wie mei-oprjochter (en letter ek bestjoerder) fan de Fryske Akademy.