Adri de Boer achtste by Liet Ynternasjonaal, earste priis nei Korsika

Adri de Boer is freedtejûn achtste wurden by Liet Ynternasjonaal yn Denemarken, it songfestival foar minderheidstalen.
Adri de Boer yn aksje op Liet Ynternasjonaal © Omrop Fryslân
Adri de Boer wûn it Fryske Liet 2021 mei it ferske 'Bliuw mar by my' en dêrom mocht hy it yn de Deenske stêd Tønder opnimme tsjin tolve oare acts út ûnder mear Spanje, Italië, Dútslân, Denemarken, Finlân en Israël.
De oerwinning op it ferskesfestival gie nei de Frânske Doria fan it eilân Korsika. De publykspriis wie foar Emanuele Pintus fan it Italiaanske Sardinië.
De Boer kaam dêr net by yn 'e buert, mar dochs hâldt er in goed gefoel oer oan it festival. "Kinst ferskes noait echt in wedstriid neame, fyn iksels, want it is appels en parren fergelykje. Mar we ha gewoan ûntychlik folle wille hân en we ha mei in protte muzikanten kennismakke en dat wie eins ús priis al in bytsje."
Op Himelfeartsdei stjoert Omrop Fryslân in gearfetting út fan de finale op telefyzje.
Dat de Frânske Doria fan Korsika wûn, fûn er ferrassend. "Se hie in hiel goede band om har hinne en dat makket it plaatsje natuerlik wol hartstikke moai, mar ik sjoch it yn dat gefal mei in solist of mei ús trijen net as grutte konkurrinsje, dat in bombastyske band it dêrom better docht."
Dochs fynt De Boer de winst fan Doria wol fertsjinne. "Se hat gewoan in goed ferske delset en ik seach yn har emoasje ek dat se hielendal yn it nûmer siet. Ast it oer in terjochte winner ha wolst, dan tink ik dat sy der wol ien wie dy't dêr oanspraak op meitsje mocht."
Adri de Boer
It festival Liet Ynternasjonaal is in Frysk inisjatyf en waard yn 2002 foar it earst organisearre yn Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it festival troch Europa. De trettjin ferskes dy't yn de finale tsjininoar strieden, wiene troch in sjuery selektearre út mear as 30 ynstjoeringen.
Sjoch hjirûnder nei de folsleine registraasje fan Liet Ynternasjonaal 2022: