Feiling Anker en Anker smyt lytse 4.000 euro op foar it goede doel

De feiling fan advokatetwilling Hans en Wim Anker hat 3.940 euro opbrocht foar it goede doel. As wiere feilingmasters ferkochten beide mannen al it guod dat se yn harren karriêre sammele ha.
De Ankers hiene in soad wille op de feiling:
In learen stoel foar hûndert euro, âlde skoalplaten foar 25 euro, in opsette fûgel dy't fjirtich euro opbrocht. De âlde ynboel fan de kantoaren fan de beide âld-advokaten fleach noch krekt net de doar út. Se moasten der fan ôf. Meinimme nei hûs wie gjin opsje. Sa kaam it plan om it te feilen yn de Blokhúspoarte, de âlde finzenis.
Hans en Wim Anker yn aksje by de feiling yn restaurant Proefverlof © Omrop Fryslân
"It is ûngelooflik", sa seit Hans Anker. "De kavels dêr't wy fan ynskat hienen dat se hiel wat opsmite soenen, lykas in hobbelhynder, leveret hast neat op, mar oar guod wer in hiel soad. Lykas in opsette das. Hiel opfallend."
De man dy't it skilderij fan de rjochtbank fan Grins keapet, docht dat foar syn frou: "Ze is advocaat en kent die zaal van binnen en buiten. Dat is leuk."
Hy is noch lang net útbean. "Ik ken ze al langer. Met Serious Request hebben ze hier ook geveild. Toen had ik een cel in de Blokhuispoort. Toen zijn we een beetje begonnen. Ik ga nu nog bieden op een uurtje borrelen met één van de mannen. Kunnen we het er nog eens over hebben."
Oan de ein fan de feiling stiet de teller op 3.940 euro. "Dat it hartstikkene leuk foar de goede doelen en we ha sa in leuke middei."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie by de feiling