Nije Museum Arnhem beklaaid mei 82.000 Fryske tegels

It Museum Arnhem waard freed nei in ferbouwing fan fiif jier feestlik iepene troch boargemaster Ahmed Marcouch. In bysûnder momint foar Keninklike Tichelaar yn Makkum, want de bûtenkant fan de nije museumfleugel is folslein beklaaid mei harren tegels.
It nije Museum Arnhem © Tichelaar
Yn totaal binne der 82.000 tegels brûkt fan fyftjin by fyftjin sintimeter. De iepening markearret foar de Keninklike Tichelaar it ein fan in lang proses, want de tegels binne allegearre mei de hân makke en foarsjoen fan trettjin ferskate soarten glazuer.
"It úteinlike resultaat is fantastysk. Elkenien is der hiel wiis mei en fynt it in prachtich gebou wurden", seit Jan Kok, kommersjeel direkteur fan it Fryske bedriuw.
It nije Museum Arnhem © Tichelaar
It is ek in kostber wurk wurden, want ek yn dizze sektor groeie de prizen hurd. "Dat is fansels in grut item", seit Kok. "Mar dat jildt fansels foar alle yndustryen. Alle produkten en seker ek enerzjy is dêr in wichtich ûnderdiel yn. Mar dat jildt ek foar de mineralen en foar de ûnderdielen fan it glazuer."
"Mar elkenien begrypt de situaasje, dus dan besykje je altyd nei oplossingen te sykjen", seit Kok, dy't bliid is dat se dizze put krigen hawwe. "Absolút is dit in fisitekaartsje fan Tichelaar."
"Seker omdat de arsjitektuer bysûnder is yn kombinaasje mei de keramyk. En tagelyk is der gebrûk makke fan de âlde arsjitektuer, sa't it museum wie."

Net stilsitte

De wurknimmers by Tichelaar hoege net bang te wêzen foar in swart gat no't dizze grutte opdracht derop sit. Se hawwe alwer ferskate grutte opdrachten binnenhelle, lykas it betegeljen fan it Huis van Delft en ek in grut mediabedriuw hat frege om de bûtenkant fan harren haadkantoar beklaaie te litten.