Nij Ylostins yn Drylts wurdt opfang foar Oekraynske flechtlingen

De gemeente Súdwest-Fryslân hat Nij Ylostins yn Drylts oanwiisd as nije opfanglokaasje foar Oekraynske flechtlingen. It giet om it leechsteande part fan it wensoarchsintrum.
Nij Ylostins, Drylts © Omrop Fryslân, René Koster
De tydlike needopfang soe neffens de gemeente de nijbouplannen net yn it paad stean.
Op dit stuit is noch net dúdlik wannear 't de earste flechtlingen oankomme. Yn totaal is der foar maksimaal 80 persoanen plak.

Earste libbensferlet

De gemeente is net allinnich ferantwurdlik foar de realisaasje fan de opfang, mar ek foar de organisaasje fan it earste libbensferlet lykas soarch, medyske help en ûnderwiis.
Foarôfgeand oan it beslút binne de bewenners fan Nij Ylostins belutsen. Direkte omwenners binne yntusken ynformearre mei in brief. Brede kommunikaasje yn Drylts fynt takom wike plak.

Skouders derûnder

"Wat moai dat de belutsenens sa grut is. De mienskip kaam sels mei dizze lokaasje, dêr bin ik grutsk op", seit boargemaster Jannewietske de Vries. "Súdwest-Fryslân kin dit drage. Mei-inoar sette wy de skouders derûnder."
Earder makke Súdwest-Fryslân al bekend De Galamadammen yn Koudum en it Amicitiahotel yn Snits yn te setten as gemeentlike opfanglokaasjes. Hjir wurde op it stuit respektyflik sa 'n 150 en 100 flechtlingen opfongen.