Ek Talan giet net yn op oanbod sc Hearrenfean: ein oan gearwurking fan 27 jier

Jeffrey Talan ferlit nei 27 jier sportklup Hearrenfean. Talan hat in oanbieding krigen om as jeugdtrainer oan de slach te gean, mar dêr hat hy nee op sein. It lêste jier wie Talan assistint-trainer.
Jeffrey Talan op in training fan sc Hearrenfean © Orange Pictures
Talan kaam yn 1995 nei Hearrenfean as spiler en is dêrnei eins altyd by Hearrenfean bleaun. Hy wie jeugdtrainer, haad jeugdoplieding en de lêste jierren foaral aktyf by it earste alvetal.
"Jeffrey heeft een enorme staat van dienst bij sc Heerenveen en we hadden hem dan ook graag voor de club behouden. Wij denken dat Jeffrey zijn kracht ligt bij het persoonlijk ontwikkelen van talent en zagen voor hem dan ook een rol weggelegd binnen de academie", sa seit technysk manager Ferry de Haan.

Pander ek fuort

Op tongersdei joech Ronnie Pander al oan dat er net yngie op de oanbieding fan sc Hearrenfean. Pander is trainer by de seleksje ûnder de 21 en makket analyzes fan de tsjinstanner fan Hearrenfean.
De lêste njoggen jier wie hy foaral belutsen as jeugdtrainer by de Hearrenfean. Dêrfoar spile de Harkyt fan syn tsiende oant syn 23e foar Hearrenfean.