Trije jonkjes nei it sikehûs nei't sy reek ynazemen by in brân yn Drachten

Trije jonkjes binne ferwûne rekke yn Drachten nei't sy in brân ûntdutsen hiene yn in sloopwenning oan De Warren. De minderjierrige jonges hawwe reek ynazeme en binne mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.
Njonken de brânwacht wiene ek plysje en ambulânse op it plak © Noordernieuws
De brânwacht fan Drachten is fluch nei it plak fan de brân ta riden om it fjoer út te meitsjen. De jonkjes hawwe nei alle gedachten neat út te stean mei de brân en seagen oaren út it hûs wei kommen.