Turfrûte-gemeenten lilk dat provinsje prizen brêgebetsjinning ferhege

Provinsje Fryslân hat de ôfrûne jierren sûnder oerlis de brêgebetsjinning yn de Turfrûte djoerder makke. Dat waard trochberekkene oan de gemeenten Opsterlân en Eaststellingwerf, dy't dêr net oer te sprekken binne.
De Opsterlânske Kompanjonsfeart op De Gordyk © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It giet om de beweechbere brêgen oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart en de Nije Feart. De brêgen binne eigendom fan Opsterlân en Eaststellingwerf, dêrom wurde de kosten foar it betsjinjen trochspile.
Sûnt 2020 hat de provinsje lykwols twa kear de prizen ferhege. De gemeenten skriuwe fan 'forse prijsstijgingen.' Yn it farseizoen fan 2020 gie it om in ferheging fan 12 persint (goed 16.600 euro) en yn 2021 nochris om 13 persint (goed 22.300 euro).

Tsjin de ôfspraken yn

Foar de twa gemeenten ropt it fraachtekens op. It farseizoen wie hast foarby, dus de gemeenten fine dat sy foar in útmakke saak steld binne. De ferheging waard sûnder oankundiging trochfierd, wylst amtlik fêststeld wie dat de kosten foar 2021 net wer tanimme soene.
De provinsje sei ta de situaasje te bepraten, mar sûnt desimber hiene de gemeenten neat mear heard. Yntusken stiet it nije farseizoen wer foar de doar. "Met de beschikbare middelen kunnen wij de kosten niet langer dekken. Wij zijn daarom genoodzaakt om op zoek te gaan naar oplossingen", sa skriuwe de gemeenten.

'Onplezierige gang van zaken'

Opsterlân en Eaststellingwerf wolle dat de kosten wer ferlege wurde. Sy sizze mei klam de gong fan saken as 'onplezierig' ûnderfûn te hawwen.
Neffens wethâlder Rob Jonkman fan Opsterlân hat de provinsje yntusken witte litten de kwestje bestjoerlik op te pakken. De ferantwurdlik wethâlders fan beide gemeenten wolle fierder net op de situaasje yngean yn de media.