Utsette asylsiker feroardiele foar frustraasjefernielingen yn Burgum

In Afgaanske man fan 22 jier is feroardiele foar fernielingen yn Burgum. Hy hie dronken en trape autospegels stikken. De man ferklearre drôvich te wêzen om't hy werom nei syn bertelân moast.
In stikkene autospegel © Shutterstock.com (FOTMA)
It barde yn de nacht fan 13 augustus ferline jier, op de Burgumerdaam. De fertochte wenne doe yn it azc yn Burgum en spaande mei noch trije jonges nacht om. Fan trije auto's waarden de spegels stikken makke.

Drôvich en dronken

De man ferklearre dat hy der gjin oantinkens mear oan hie. Hy sei wol dat hy drôvich wie, om't syn asyloanfraach ôfwiisd wie. Hy moast dus werom nei Afganistan. It groepke jonges hie dronken doe't sy op 'en paad wiene.
De man is feroardiele ta in boete fan 225 euro en dêrnjonken moat er skeafergoeding betelje oan de eigeners fan de auto's. De man is op dit stuit noch yn Nederlân, mar is oerpleatst nei it azc yn Snits.