Earnewâldsters benaud toeristen te ferliezen mei nije eigener passantehaven

De takomst fan de passantehaven yn Earnewâld is ûnwis. De gemeente Tytsjerksteradiel wol de haven fan de hân dwaan, omdat dy net genôch jild opsmyt.
It doarp is ferbjustere oer de gong fan saken:
Mooglik wurdt it gebiet ferkocht oan privee-eigeners, mar Earnewâldsters binne benaud dat de frije tagong tusken it doarp en it wetter dêrmei ferdwynt.
"Als je dit rendabel wil maken, dan is het eerste waar je aan denkt: alle passantenplaatsen vervangen voor vaste ligplaatsen", ferklearret Nico Tilstra fan it doarpsbelang. "Dat zou betekenen dat het dorp droogstaat."

Doarplibben oantaast

In mooglike privee-eigener soe dêrneist in eigen ynfolling jaan kinne oan it iepen plein njonken de passantehaven. Dat wurdt no brûkt foar merken, braderyen en oare aktiviteiten.
Tilstra: "In onze ogen zou je dit alleen rendabel maken door aanpassingen die het dorpsleven aantasten." Ek foar de hoareka en middenstân soe in stûke toeristestream funest wêze.
De passantehaven yn Earnewâld © RTV NOF
Tytsjerksteradiel soe al flink ferlies hân hawwe op de passantehaven. Yn it ferline wie it gebiet yn behear fan it doarp en dy opsje beseach de gemeente no opnij. In doarpsstichting soe it no lykwols net goedkeaper en effisjinter oanpakke kinne.

Gearkomste

Woansdeitejûn hat der in besletten gearkomste west foar ynwenners fan Earnewâld oer de takomst fan de passantehaven. Dêr kamen fyftich ynwenners op ôf. Ut de gearkomste kamen lykwols gjin oplossingen dêr't se mei fierder koene.
De gemeente stelt foarop dat it gebiet foar elts tagonklik bliuwt. Mocht it gebiet oerdien wurde oan in privee-eigener, dan wol it doarp dat dêr goede betingsten oan ferbûn binne.