In nij skoalgebou yn krimpgebiet: Easternijtsjerk iepenet de Wrâldwizer

Nei mear as in jier bouwurksumheden is it safier: it nije skoalgebou yn Easternijtsjerk iepenet foar it earst de doarren. Yn bernesintrum de Wrâldwizer komme skoalbern, pjutten en berne-opfang byinoar.
It nije skoalgebou, yn maart noch yn oanbou © Wrâldwizer
De regio om Easternijtsjerk hinne hat al in skoft fan weromrinnende learlinge-oantallen te lijen. Yn 2006 sleat De Tarissing yn Nes de doarren, de bern fan dy skoalle kamen by CBS Foeke Sjoerds Skoalle yn Easternijtsjerk terjochte.
Dêrmei hold it noch net op, leit direkteur Michelle van der Sluis fan de Wrâldwizer út. "De omkriten hie te krijen mei krimp. Dêrom hawwe wy ûndersocht oft der gearwurking mooglik wie mei twa oare skoallen."
It gie om de skoallen fan Mitselwier en Nijewier. Mitselwier keas úteinlik in oar paad, mar de skoalle fan Easternijtsjerk fusearre yn 2018 wol mei CBS By de Boarne fan Nijewier. Beide skoallen foelen doe al ûnder Stichting Arlanta.

Nijbou foar 180 bern

Doe't dêrnei de bern byinoar komme moasten, kaam it fraachstik fan in nij skoalgebou. De ûnderbou krige in tydlik plak yn doarpshûs De Terp yn Easternijtsjerk en de boppebou kaam yn it âlde skoalgebou yn Nijewier.
Dêrnei is de âlde skoalle fan Easternijtsjerk sloopt en yn maart 2021 begûn de bou fan it nije bernesintrum. Yn it nije gebou komme aanst sa'n 180 bern, ek fan de pjutte- en berne-opfang. In grutte skoalle dus, foar bern fan Easternijtsjerk, Nijewier, Nes, Wetsens en omjouwing.
De bern fan groep 7 mochten yn april meihelpe te ferhúzjen © Wrâldwizer
De bou fan in nije skoalle koe út foar de gemeente en Stichting Arlanta. "Dêr is wol bewust oer neitocht: der is net allinne in skoalle fan makke, mar in bernesintrum. Dêrom sitte ek de pjutten, berne-opfang en de foar- en neiskoalske opfang. En de GGD, biblioteek en muzyksintrum Opus3 binne der aktyf. Sa kinne wy wat breeds biede."
Direkteur Michelle van der Sluis fan de Wrâldwizer
Op it skoalterrein is in 'natuerplein' ynrjochte, mei boarters- en klimmateriaal. Van der Sluis: "Wy hawwe njoggen romten yn it nije gebou. In part foar it pjutteboartersplak en de berne-opfang, en dêrnjonken sân ynstruksjelokalen. Yn de skoalle is in 'samenspeelplein', in 'stilteleerplein' en in boarterslokaal."
It nije gebou yn maart fan binnen © Wrâldwizer
Der binne freed allerhanne festiviteiten op de skoalle foar de iepening. Moarns wiene alle skoalbern, âlden en gasten wolkom by de offisjele iepening, dêr't ek wethâlder Jouke Douwe de Vries fan Noardeast-Fryslân by wie.

Festiviteiten

Der is steltrinnen, der wurde workshops fan de muzykskoalle en de biblioteek jûn en middeis sille de âldere bern mei film dwaande. Foar de folwoeksenen is der kofje en gebak en yn de neimiddei binne de doarren ek iepen foar alle oare doarpsbewenners en belangstellenden.