Skipper frachtskip ramt stegers yn Ljouwerter wenwyk

It frachtskip Ilse-Marie hat freedtemoarn fernielings oanrjochte yn de Ljouwerter wenwyk Suderbuorren. De eigener fan it skip seit dat de skipper net goed wurden is.
Bylden fan it frachtskip
It skip, dat freedtemoarn oer it Van Harinxmakanaal fear, hat oan it Braksân ferskate stegers en boatsjes fernield. Der is gjinien ferwûne rekke, meldt de plysje.
"De skipper is net goed wurden", fertelt eigener Richard Hoekstra. "Syn freondinne wie derby, se ha wetter oer him hinne smiten. Dêrnei ha sy him ûndersocht, letter moast er nei it sikehûs."
Ut foarriedich ûndersyk fan de plysje docht ek bliken dat de skipper net goed wurden is. Wurdfierder Thomas Aling fertelt dat de skipper noch kontrolearre wurdt troch in húsdokter. De skipper is test op alkohol en drugs, dêr binne gjin spoaren fan fûn.
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar en Thomas Aling fan de plysje
Bylden fan de skea dy't it skip oanrjochte hat:
"We weten het dus nog niet zeker, we zijn ook andere zaken nog aan het onderzoeken", seit Aling. It fernuveret wol dat it skip in skerpe bocht meitsje moast. "Het klopt dat zo'n groot schip een bijzondere verrichting moet maken om daar terecht te komen."
Dat wurdt dan ek ûndersocht. "Ook al val je bijvoorbeeld in slaap, dan moet je nog wel net op het juiste moment het roer een zwengel geven om het schip er zo in te laten varen. Vraagtekens alom, daarom heeft de politie het in onderzoek."

Plysje docht oprop

"We zijn nu bezig met buurt- en technisch onderzoek", seit Aling. "We doen ook de oproep aan iedereen om filmpjes op te sturen hiervan." Aling befêstiget dat oaren op it skip de skipper wer bybrocht ha.
Hoekstra is bliid dat der gjin minsken ferwûne rekke binne. "Gelokkich is de skea allinnich materieel, dat wurdt allegear dutsen."

Alles fuortfage

Robert Blonk wennet yn de wyk, it ûngelok barde by him achter hûs. "Ik werd wakker en hoorde een enorme herrie. Ik zag een enorme rijnaak in m'n tuin varen. Volgens mij heeft-ie op volle vaart alles hier weggevaagd."
Dizze bewenner seach it gebeuren:
Blonk is ien fan de omwenners dy't skea hat. "De steigers en de boten die eraan hingen. Bij mij, bij m'n buren en verderop nog meer. De tuin is nog wel redelijk, maar de steiger en de beschoeiing is allemaal weg."

Skok

De hiele buert is wekker wurden en stiet no yn de tún. "Een sleepboot lag bij de buren aangemeerd, die ligt nu aan de overkant."
Blonk wit sels ek net goed wat der bard is. Hy is skrokken. "Eerst geloof je het niet zo goed. Maar nu is het wat rustiger en ben ik aan het trillen."
It skip fan 70 meter lang en 8 meter breed is om 8.20 it Braksân wer út fearn. No fart de Ilse-Marie wer op it Van Harinxmakanaal. De plysje ûndersiket de saak.
De rûte fan it skip © Marine Traffic