"Unferdraachlike" grêfskeining en dieverij op tsjerkhôf fan Swichum

It tsjerkhôf fan Swichum is slachtoffer wurden fan grêfskeining, fernieling en stellerij. It koper fan de tongerlieders is stellen, mar folle slimmer fynt de tsjerke dat in brûnzen grêfmonumint meinaam is.
Fandalen hawwe taslein yn Swichum en Wurdum:
It brûnzen grêfmonumint is in keunstwurk dat makke is troch byldhouwer Hans Jouta. It keunstwurk bestiet út trije sweltsjes. Dy binne ferdwûn, ynklusyf de sokkel mei dêrop de namme fan de ferstoarne.
"Net allinnich it monumint is fuort, mar dêrmei ek de namme fan de stoarne persoan", seit behearder Hannie Schuurman. "It is ferskriklik foar de famylje, ûnferdraachlik."
De ferstoarne frou hie it altyd yn de tún stean en se woe it graach op har grêf ha.
Hannie Schuurman
Yn oerlis mei de famylje hat de tsjerke besletten it fandalisme te melden op sosjale media, yn de hoop dat der tsjûgen binne. It keunstwurk stiet der noch mar twa jier. "De ferstoarne frou hie it altyd yn de tún stean en se woe it graach op har grêf ha", fertelt Schuurman.
De sweltsjes op it keunstwurk © Kerkje van Swichum
De dieven hawwe net allinne dit grêf skeind, ek by in oar grêfmonumint hawwe se besocht guod mei te nimmen. "Mar dat keunstwurk is sa swier, dat dy net fan it plak te krijen wie."
It keunstwurk op it tsjerkhôf © Kerkje van Swichum
De tsjerke fan Swichum nimt foarearst gjin ekstra maatregels. It berjocht op sosjale media is al faak dield, mar noch sûnder in gouden tip. "Ik ha oproppen dien yn WhatsAppgroepen fan Wurdum en Swichum, mar gjinien dy't wat sjoen hat. It sil nachtlike dieverij west ha."
It tsjerkhôf ôfslute sjocht Schuurman net sitten. Kamerabewaking is mooglik in opsje yn de takomst, mar se wol benammen in 'moreel appèl' dwaan op de dieven. "It soe fantastysk wêze as dit byldbepalende monumint weromkomt."

Yn Wurdum ek

Ek op it tsjerkhôf fan Wurdum ha fernielingen west. Sân tongerlieders binne fuort, ientsje is fernield. Dêr ha alris earder fernielingen west, fertelt Drees Visser. Se ha it by de plysje meld en moatte no sjen wat de kosten binne.
Drees Visser fan de tsjerke yn Wurdum
"Sy hawwe de RVS-buis fan de muorre ramd. De tongergelieding is net mear yntakt. Yn de buis sit in koperen tried, dêr gie it om. Sy hawwe it net meinommen, it wie dreech los te krijen. Mar der binne wol fiif stikken", leit Visser út.
Yn Wurdum is al faker guod stellen. "Sy moatte fan in oar syn guod ôfbliuwe", fynt Visser. "De mienskip wurdt opskipe mei de kosten. Wy hawwe in lytse tsjerklike gemeente, dy moat it wol sels opbringe."
Hannie Schuurman en Hester Simons
De Stichting Alde Fryske Tsjerken nimt it fandalisme heech op en docht oanjefte. "Wy geane graach út fan it goede fan de minsk. Mar as der wat bart, dogge wy oanjefte, skeakelje wy ús fersekering yn en dogge wy in oprop nei tsjûgen", seit direkteur Hester Simons.
Ekstra maatregels nimt de stichting net. "Sa'n ynsidint is aaklich, mar wy fine it ek wichtich dat de tsjerken en tsjerkhôven frij tagonklik binne. As stichting wolle wy dat minsken har wolkom fiele en dat sy yn alle rêst minsken betinke kinne op in tsjerkhôf. Je wolle gjin kamera's of befeiliging. Boppedat is it dreech foar te kommen."
Wa't ynformaasje of oanwizings hat oer it grêfmonumint, kin maile nei info@kerkjevanswichum.nl.