Weidum hat in nije, twaddehânsk brêge oer De Swette krigen

It liket in contradictio in terminis, mar de nije brêge Weidumerhout is foar it grutste part twaddehânsk. De âlde brêge oer De Swette wie oan ferfanging ta en de nije brêge is sirkulêr boud.
"Deze gaat weer zo'n 75 à 80 jaar mee":
It is de earste fyts- en kuierbrêge yn de gemeente Ljouwert dy't boud is mei materiaal dat earder ek al brûkt is. Sa'n 70 persint fan de materialen fan de âlde brêge binne op 'e nij brûkt.

Allegaartsje fan hout

"Ik haw wolris minder grutsk op in wurk west", fertelt projektlieder Martien Tolboom fan Oosterhof Holman. "It hout dat derop siet is op 'e nij brûkt, dêrom sitte der op de leuningen ek allegearre ferskillende kleuren hout."
De nije, 'twaddehânsk' brêge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
In grut part komt út de âlde brêge, it oare hout komt fan it terrein fan de oannimmer. "De lizzers binne op 'e nij brûkt en it keunststoftek is wer te brûken as de brêge oer de libbensdoer hinne is. Dus dêr is goed oer neitocht."

Wat mear wurk

Dat koste wol wat mear tiid, jout Tolboom ta. "Oars kochten je nij hout by in leveransier. Dan hiene wy de âlde brêge sloopt en weismiten. It hie dan binnen fjouwer wiken kinnen. Mar wy moasten no de brêge demontearje, it brûkbere materiaal derút helje, it op 'e nij seagje, de lizzers op 'e nij coate. Dêrtroch duorre it wol langer."
De brêge waard offisjeel iepene yn it bywêzen fan doarpsbewenners en learlingen fan OBS It Pertoer. Wethâlder Bert Wassink fan Ljouwert liet de bern as earsten oer de brêge hinne fytse.
Projektlieder Martien Tolboom en wethâlder Bert Wassink
Wassink seit dat gemeente Ljouwert him ta doel stelt om alle jierren sa'n tsien fan dizze grutte, sirkulêre projekten te dwaan. "We hebben circulaire doelen voor 2050, maar dan moet je wel beginnen. Als gemeente hebben we daar ook een taak in. We proberen te stimuleren en via ons inkoopbeleid er aandacht aan te schenken."
Wethâlder Wassink en de skoalbern © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De brêge is in moai begjin. "We hebben aannemers gevraagd om met een plan te komen, waarbij de onderdelen van de oude brug kunnen worden hergebruikt. De brug ziet er nu compleet nieuw uit en gaat volgens verwachting zo'n 75 à 80 jaar mee."