Ofslútdyk freedtenacht ticht yn beide rjochtingen

De Ofslútdyk is freedtenacht ticht oant 8.00 oere moarns op sneon, yn beide rjochtingen. De ôfsluting is omdat it weidek by Koarnwertersân ferbettere wurdt. Dêr binne tariedings foar nedich.
© ANP Foto
Ferkear dy nacht yn beide rjochtingen wurdt omlaat oer de N307 en troch de Flevopolder. De ekstra reistiid kin tusken de 10 en 90 minuten wêze, seit Rykswettersteat, ôfhinklik fan wêr't de reis begjint en wat de bestimming is.
Troch it wurk nachts út te fieren, is de trochstreaming fan it ferkear oerdei better, seit Ryksettersteat. Oerdei binne der dan minder mominten wêrop't it ferkear stil komt te stean.