Wethâlder wol wenningen yn âld-belestingkantoar Ljouwert

Leechsteande kantoarpannen brûke as wenromte, soe wolris helpe kinne tsjin it huzetekoart. Dat fynt wethâlder Hein de Haan fan de gemeente Ljouwert.
Wethâlder Hein de Haan (Ljouwert) by it leechsteande âlde belestingkantoar © Omrop Fryslân
De Haan tinkt dan bygelyks oan it âlde belestingkantoar oan de Tesselschadestraat yn Ljouwert. "It stiet leech en it stiet op in hiel moai plak yn it sintrum fan Ljouwert, dus ik fyn it in hiel goed idee om it pân te transformearjen nei wenten."

Gjin needopfang

It gebou is nei in brân yn 2018 net yn goeie steat. It soe dus earst opknapt wurde moatte foardat der minsken wenje kinne. It gebou kin dan ek net tsjinje as wenromte foar de flechtlingen dy't no noch yn it WTC sitte. "Dit gebou is net geskikt foar needopfang. Dat binne oare saken, mar yn de wenningmerk hat wol alles mei-inoar te krijen."
"As we te min wenten hawwe, dan kinne de statushâlders net trochstreame. Dan reitsje de azc's fol en dan hawwe je needopfang nedich", leit De Haan út. "Neffens my moatte we op alle flakken skeakelje: needopfang, mar ek wenten. Dit gebou soe dêr geskikt foar makke wurde kinne."
It âlde, no leechsteande belestingkantoar oan de Tesselschadestraat yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Yn it ôfrûne jier hat de gemeente op dizze wize al hûnderten nije wenten kreëarre, stelt De Haan. "Dat is in goeie wize om net fuort it bûtengebiet op te fokken. Wy bouwe twa wenten yn de stêd foar ien dêrbûten. Dat byld is der net altyd, mar dat is wol de ferhâlding", seit de wethâlder resolút.
Hein de Haan wol mear wenromte kreëarje