Auto rydt troch twa foartunen en einiget tsjin beam by Skerpenseel
Op de Grindwei tusken Skerpenseel en Munnikebuorren hat tongersdeitemiddei in iensidich ûngelok west, wêrby't in auto yn de foartún fan in wenning tsjin in beam telâne kaam is.
Hoe't it ûngelok krekt barre koe is op dit stuit noch net bekend.
De auto kaam út Skerpenseel wei en ried yn de rjochting fan Munnikebuorren doe't it mis gie. Yn de auto sieten twa persoanen. Beide moasten troch ambulânsepersoniel kontrolearre wurde. Se binne dêrnei beide, foar de wissichheid, nei it sikehûs brocht mei ûnbekend letsel.
De auto is foar hy ta stilstân kaam earst al troch de tún fan buorlju riden. Dêrtroch is der flinke skea yn beide tunen.
Fanwege de oanriding hat de Grindwei foar in part ôfsletten west troch de plysje. De brânwacht fan Skerpenseel is op it plak kaam om de wein feilich te stellen en de ynsitters dêr wêr nedich út de auto te helpen. Yntusken is in berger teplak kaam om de auto te bergjen.